William Craigie
Sir William Alexander Craigie (Dundee, 13 augustus 1867 – Oxford 2 septimber 1957) wie in taalkundige en leksikograaf. Hy learde tsientallen talen, ek it Frysk.
Karriêre
bewurkje seksjeHy studearre ôf oan de Universiteit fan St Andrews en wie de tredde redakteur fan it Oxford English Dictionary en meiredakteur fan it supplemint fan 1933. Fan 1916 oant 1925 wie er ek Rawlinson and Bosworth Professor yn it Angel-Saksysk oan de Universiteit fan Oxford.
Caigie joech leksikografy oan de Universiteit fan Chicago wylst er wurke oan it Dictionary of American English en it Dictionary of the Older Scottish Tongue, dêr't er de inisjatyfnimmer fan wie. In protte 20e-iuwske Amerikaanske leksikograven hawwe by him studearre, ûnder oaren Clarence Barnhart, Jess Stein, Woodford A. Heflin, Robert Ramsey, Louise Pound en Allen Walker Read.
Craigie en it Frysk
bewurkje seksjeCraigie besocht Fryslân yn 1909 en hie doe kontakt mei it Selskip 1844. Hy kundige dat jier ek de Lytse Fryske Spraekleare fan Obe Postma en Pieter de Clerq oan en stie in lêzing ôf oer it oplibjen fan talen en dialekten (yn Forjit my net, 1912). Craigie trune Pieter Sipma oan ta it skriuwen fan syn Phonology and grammar of modern West-Frisian (1914) en holp der ek oan mei. Bydragen fan Craigie ferskynden yn it Frysk Jierboek 1937 en B. X (1943) en XIV (1952). De Fryske Akademy beneamde him yn 1938 ta earelid.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Craigie, William A. C.. |