William Morgan
William G. Morgan (Lockport, 23 jannewaris 1870 - 27 desimber 1942) wie de Amerikaanske útfiner fan de sport follybal.
Under syn stúdzjes oan it Springfield College, Massachusetts mette er James Naismith, de útfiner fan de sport basketbal. Troch Naismith en it basketbal krige er inspiraasje om yn 1895 in nij sport te ûntwikkeljen: Mintonette. Dy sport betocht er doe't er sportlieder wie by de Young Men Christian Association (YMCA) yn Holyoke, Massachusetts. Hy joech les oan in groep âldere sakeminsken. Basketbal fûn er wat te rûch foar dy groep en doe betocht er in oar spul. Letter feroare Alfred Halstead de namme fan Mintonette yn Follybal sjoen dat it doel fan it spul is de bal hin en wer oer it net te follyjen.
Ut tekenings docht bliken dat al yn de 16e iuw oan it Ingelske hôf fan Keninginne Elizabeth in spul spile waard dat in protte op it follybal like.