Wim Brands
Wim Brands (Brummen, 29 maart 1959 – Amsterdam, 4 april 2016) wie in Nederlânsk dichter, sjoernalist en presintator.
Wim Brands | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Wim Brands yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 maart 1959 | |
berteplak | Brummen | |
stoarn | 4 april 2016 (57 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Dichter, programmamakker, sjoernalist | |
medium | Radio, telefyzje | |
bekend fan | VPRO-telefyzjeprogramma Boeken | |
jierren aktyf | 1978-2016 |
Biografy
bewurkje seksjeBrands waard berne en opbrocht yn Brummen. Yn 1978 wie Brands syn debút as dichter yn it Hollands Maandblad fan K.L. Poll; hy wie doe 19 jier. Syn wurk ferskynde yn literêre tydskriften en hy publisearre de dichtbondels Inslag (1985), Koningen, de gehavende (1990), Zwemmen in de nacht (1995), In de metro (1997), De schoenen van de buurman (1999), Ruimtevaart (2005), Neem me mee, zei de hond (2010) en 's Middags zwem ik in de Noordzee (2014). Op 26 jannewaris 2012 ferskynde by Compaan Utjouwers syn karlêzing De vijftig beste gedichten van Wim Brands en yn april 2017 de Verzamelde gedichten, bondels mei net-publisearre materiaal mei in neiwurd fan Thomas Verbogt.
Brands wurke foar de Nederlânske omrop VPRO fan 1987 ôf oan. Fan Wim Noordhoek learde er it fak[1] en tegearre betochten se it radioprogramma De Avonden, mar Brands wie it meast bekend as presintator fan it telefyzjeprogramma Boeken. In programma mei in ferlykbere foarm ûnder syn lieding op Radio 1 wie Brands met boeken.
Brands wurke as sjoernalist foar it Leidsch Dagblad en Vrij Nederland. Fan 2010 ôf wie er ferbûn oan de Schrijversvakschool Amsterdam as dosint poëzy en foardracht en yn septimber 2012 fersoarge er, nei Marcel Möring en Pieter Steinz, foar boekhannel Donner yn Rotterdam it boekeprogramma Brands in Donner.
Brands wie foar it lêst as presintator fan Boeken te sjen op 20 maart 2016. Op 4 april 2016 die Brands himsels te koart. Hy waard 57 jier.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Brands blogt, bloch fan twa moannen yn 2010 by Tirade
- Wim Brands yn de DBNL
- Een goede morgen met Wim Brands fan sneon 26 septimber 2015
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wim Brands fan Wikimedia Commons. |