Wim Knuttel

Nederlânske arsjitekt

Willem Pieter Cornelis (Wim) Knuttel (Leien, 10 juny 1886Felp, 15 novimber 1974 [1]) wie in Nederlânsk arsjitekt mei in grutte mjitte fan sosjale belutsenheid, sa't yn syn wurk nei foaren komt.

W.P.C. Knuttel

Hy is de soan fan arsjitekt Daniël Eduard Cornelis Knuttel en Anna Elisabeth Roosenburg. Knuttel wie troud mei Margaretha Hemmes (1890-1974) en krige trije bern mei har.

Nei't er yn 1905 it diploma HBS-A helle hie, studearre er boukunde oan de TH Delft. Yn 1910 studearre er ôf as yngenieur. Yn 1911 fêstige Knuttel him as arsjitekt yn Deventer. Earst tegearre mei J.D. Gantvoort, mar fan 1916 ôf selsstannich. Hy wie ek aktyf as bestjoerslid fan ferskate organisaasjes. Yn 1960 waard er beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 1966 ûntfong er fan de provinsje Oerisel de Geert Groote Priis út hannen fan de kommissaris fan de Keninginne.

Untwerpen (in kar)

bewurkje seksje
  • It Knutteldoarp (334 arbeiderswenten) yn Dimter
  • 500 nutswenten yn De Haach
  • It earste flatgebou fan Dimter (1953), oan de Rembrandtkade
  • Alexander Hegius-Gymnasium, Dimter (1954), tegearre mei soan Daniël Knuttel
  • De renovaasje (nijbou nei sloop) fan it Jordenshof yn Dimter
  • In protte filla's yn Deventer, Diepenveen, Schalkhaar, Gorssel en Holten
  • Kompleks Akkerstraat yn Vught (ryksmonumint nr. 521279)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Deaberjocht yn De Telegraaf, 20 novimber 1974.