Wolfram Sievers (Hildesheim, 10 july 1905 - Landsberg, 2 juny 1948) wie Reichsgeschäftsführer, direkteur, fan de organisaasje Ahnenerbe fan 1935 oant 1945.

Wolfram Sievers

Sievers waard ta de dea feroardiele op 20 augustus 1947 foar misdieden tsjin de minsklikheid en waard ophongen op 2 juny 1948, yn de finzenis fan Landsberg yn Beieren.

Sievers waard berne yn Hildesheim yn de Provinsje Hanover yn Prusen (no yn Nedersaksen) as soan fan in protestantsk tsjerkemuzikant. Hy hie gefoel foar muzyk, spile oargel en piano, en wie in leafhawwer fan Dútske barokmuzyk. Hy waard fan skoalle stjoerd meidat er aktyf wie yn it Deutschvölkischer Schutz und Trutzbund. Hy studearre dêrnei skiednis, filosofy en religieuske saken oan de Technyske Universiteit fan Stuttgart wylst er as keapman troch de tiid kaam. As lid fan de Bündische Jugend waard er in warber lid fan de Artamanen-Gesellschaft, in nasjonalistyske werom-nei-it-lân beweging, dy't letter opgie yn de Hitler-Jongerein.[1]

Sievers gie 1929 by de NSDAP. Yn 1933 waard er haad fan de Externsteine-Stiftung, dy't stifte waard troch Heinrich Himmler mei it doel om de Externsteine yn it Teutoburger Wâld te bestudearjen. Neidat Sievert 1935 lid fan de SS wurden wie, waard er troch Himmler ta Reichsgeschäftsführer, fan de Ahnenerbe beneamd. Hy joech feitlik lieding oan de Ahnenerbe-operaasjes en soe tsjin de ein fan de oarloch ta SS-Standartenführer opklom wêze.

Yn 1943 waard Sievers direkteur fan it Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung (Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk), dat eksperiminten mei minsken útfierde. Hy holp fierders mei oan it garjen fan plassen en skeletten foar August Hirt syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Straatsburch. In part fan dy samling waard krigen troch it selektearjen en deadwaan fan 112 joadske finzenen, neidat dy earst fotografearre en (antropologysk) opmetten wienen.[2]

  • Michael H. Kater: Das "Ahnenerbe" der SS 1935-1945. Oldenbourg Verlag, 2001, ISBN 3-486-56529-X
  • Hans-Joachim Lang: Die Namen der Nummern. Hoffmann und Campe, 2004, ISBN 3-455-09464-3

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lixfeld, Hannjost en James R. Dow, The Nazification of an Academic Discipline: Folklore in the Third Reich. Indiana University Press, 1994 s. 198–199
  2. http://nuremberg.law.harvard.edu/