Woolwich is in wyk yn it Londenske bestjoerlike krite Greenwich, yn de regio Grut-Londen. It leit foar it grutste part súdlik fan de Teems, mar in lyts stik leit benoarden de rivier. Beide dielen binne mei-elkoar ferbûn troch in feartsjinst en in fuotgongerstunnel.

Woolwich
It stedhûs út de tiid dat Woolwich in selsstannige stêd wie
It stedhûs út de tiid dat Woolwich in selsstannige stêd wie
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt Greenwich
Regio Grut-Londen
Oar
Tiidsône GMT (UTC+0)
Simmertiid (UTC+1)

De Thames Barrier leit yn Woolwich.

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Yn it generaal wurdt op it heden oannaam dat de namme Woolwich fan de Angelsaksyske namme foar "hannelsplak foar wol" ôflaat is. It plak fan Woolwich wurdt al bewenne sûnt de Izertiid en der binne oerbliuwsels fan in Romeinsk ford op it plak fan it Riverside park fan no fûn.

Woolwich wie in lyts doarp yn Kent oant it in wichtich militêr en yndustryplak waard. It plak hie de Woolwich Dockyard (stichte 1512), it Keninklik Arsenaal (Royal Arsenal) (1471), de Royal Military Academy (1741) en de Royal Horse Artillery (1793). Ek no hat de stêd noch in legerbasis en it Keninklik Artillery Museum, Firepower. It tichteby lizzend Greenwich Heritage Centre hat eksposysjes oer it Royal Arsenal.

F.C. Arsenal waard 1886 oprjochte yn Woolwich troch arbeiders fan it – de club hjitte yn it earstoan Dial Square, dêrnei Royal Arsenal en waard yn 1891 Woolwich Arsenal. De club ferhuze yn 1913 nei Stadion Arsenal, Highbury yn noard-Londen en liet doe Woolwich út de namme wei.

Yn 1889 waard Woolwich in diel fan Londen, doe't de London County Council foarme waard. Woolwich, Eltham en Plumstead waarden yn 1900 de Metropolitan Borough of Woolwich oant april 1965 de Borough of Greenwich foarme waard (fanwege de London Government Act 1963) en dêrnei Royal Borough waard yn it jubleumjier fan Keninginne Elsabeth, 2012.

 
De oarspronklike poarte fan it Woolwich Royal Arsenal. (2007)

Woolwich wie it plak dêr't 5 July 1952 de lêste tram fan Londen har reis út einsette.

Woolwich is ek it plak yn it FK dêr't McDonald's (de 3000e yn de wrâld) har earste Britske festiging iepene op 13 novimber 1974. Woolwich waard keazen omdat it beskôge waard as in represintative Ingelske stêd yn dy tiid.[1]

Woolwich hie eartiidsk fjouwer bioskopen. Ien dêrfan, de eardere Granada cinema (dêr't Buddy Holly yn 1958 en letter ek Roy Orbison en The Beatles yn 1963 optreden, is no in bingo hall.

Woolwich wie de lokaasje foar de film Children of Men út 2006.

Ferneamde lju út Woolwich

bewurkje seksje
 
De fuotgongerstunnel fan Woolwich ûnder de Teems troch

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterview mei McDonalds UK CEO yn de Evening Standard, 16 desimber 1991 sjoen 23 april 2007