Wooster (Ohio)
Wooster is in stêd yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Ohio. It is it haadplak fan Wayne County, en leit likernôch 80 km súdsúdwestlik fan Cleveland en 56 km súdwestlik fan Akron. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Wooster doe rom 26.000 ynwenners op in oerflak fan 42,4 km².
Wooster | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Ohio | |
County | Wayne County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 26.375 (2012) | |
Oerflak | 42,4 km² (ynkl. wetter) 42,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 618,3 / km² | |
Hichte | 304 | |
Oar | ||
Stifting | 1808 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 40°48′33″N 81°56′14″W | |
Offisjele webside | ||
www.woosteroh.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Wooster yn Wayne County en yn Ohio. |
Skiednis
bewurkje seksjeWooster waard yn 1808 stifte troch John Bever, William Henry en Joseph Larwill, dy't de nije delsetting ferneamden nei David Wooster, in generaal út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Yn 1811 waard it ta it haadplak fan Wayne County makke. Yn 1868 krige Wooster stedsrjochten.
Wooster hjoed de dei
bewurkje seksjeYn Wooster stiet it Kolleezje fan Wooster, in universiteit mei likernôch 2.000 studinten, dy't stifte waard yn 1866. Fierders binne der ek twa ûnderôfdielings fan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio fêstige, ntl. it Lânboukundich Technysk Ynstitút (ATI) en it Lânboukundich Undersyks- en Untwikkelingssintrum fan Ohio (OARDC), dy't beide oan lânboukundige opliedings en ûndersyk wijd binne. De tagongspoarte ta Wooster wurdt foarme troch it Wayne County Airport (BJJ), dat 10 km noardeastlik fan 'e stêd leit.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Wooster 16,6% âlder as 65 jier en 20,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 49,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 10,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 14,5% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier en 8,0% fan 'e kategory fan boppe de 65 jier.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 89,0% blanken; 3,6% swarten; 2,2% Latino's; 1,9% Aziaten; 0,3% Yndianen; 3,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 2011 93,3% fan 'e befolking fan Wooster it Ingelsk as memmetaal hie, wylst it Spaansk mei 2,4% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Dútsk, mei 1,3%.
Susterstêden
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|