Wopke de Vegt (1957) is in Nederlânske hurdrydcoach en is sûnt 2006 bûnskoach fan it KNSB[1], as opfolger fan Ab Krook[2]. As bûnscoach bepaalt hy ûnder mear hokker hurdriders meidogge oan it reedrydûnderdiel ploegenefterfolging.

Wopke de Vegt is sûnt 1988 aktyf by it reedriden. By de Sanex-ploech (no TVM) wie hy tusken 1995 en 1999 de koach fan Rintje Ritsma. Yn 2001 soe De Vegt de nije koach wurde fan Marianne Timmer. Dizze nije ploech, Team Timmer, kaam troch it útbliuwen fan in sponsor nea fan de grûn.

  1. "Wopke de Vegt bûnkoach nasjonale reedrydersseleksje" KNSB, 22 juni 2006
  2. "Kramer tidens Olympyske Spullen faaks oer syn top" SportWeek.nl, 29 februari 2008