Wrâldsûnensorganisaasje

(Trochferwiisd fan World Health Organization)

De Wrâldsûnensorganisaasje (Ingelsk: World Health Organization, WHO) is in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes dy't fêstige is yn de stêd Genève mei as doel wrâldwide aspekten fan de sûnenssoarch yn kaart te bringen, aktiviteiten op it mêd fan de sûnenssoarcch te koördinearjen en de sûnens fan de wrâldbefolking te befoarderjen. De WHO waard op 7 april 1948 oprjochte troch de Feriene Naasjes.

Flagge fan de WHO.

Yn it logo fan de WHO sit in eskulaap ferwurke.

De wrâldsûnensorganisaasje hâldt him ek dwaande mei klassifikaasje fan oandwaningen (ICD-10) en genêsmiddels (ATC-kodearring).

Bekende persoanen assosjearre mei de WHO

bewurkje seksje

Yn maaie 2006 ferstoar de direkteur-generaal fan de WHO, Lee Jong-wook. Syn posysje is inkele moannen ûnbeset bleaun, mar sûnt 9 novimber 2006 is Dr. Margaret Chan direkteur-generaal fan de organisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: