Wrâldbank
De Wrâldbank is it grutste ynstitút foar ûntwikkelingsgearwurking. It ferstrekt lieningen oan ûntwikkelingslannen en middenynkommenslannen, mei as foarnaamste doel it bestriden fan earmoede. De ynternasjonale bank is technysk in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.
De finansjele stipe fan de Wrâldbank wurdt brûkt foar meardere saken, fan strukturele herfoarmingen fan de sûnens- en ûnderwiissektor fan in lân, oant miljeu- en ynfrastruktuerprojekten lykas damen, wegen en nasjonale parken. Dêrby stelt de Wrâldbank stringinte easken oan har kliïnten: saneamde strukturele oanpassingen wurde fereaske, wêrûnder antikorrupsjemaatregelen en fiergaande privatisearring fan oerheidstsjinsten.
Oersjoch fan presidinten fan de Wrâldbank
bewurkje seksjeNamme | Nasjonaliteit | Termyn |
---|---|---|
Eugene Meyer | Amerikaan | juny 1946 - desimber 1946 |
John McCloy | Amerikaan | maart 1947 - juny 1949 |
Eugene Black | Amerikaan | 1949 - 1963 |
George D. Woods | Amerikaan | jannewaris 1963 - maart 1968 |
Robert McNamara | Amerikaan | april 1968 - juny 1981 |
Alden W. Clausen | Amerikaan | july 1981 - juny 1986 |
Barber Conable | Amerikaan | july 1986 - augustus 1991 |
Lewis Preston | Amerikaan | septimber 1986 - maaie 1995 |
James Wolfensohn | Amerikaan | 1 july 1995 - 31 maaie 2005 |
Paul Wolfowitz | Amerikaan | 1 juny 2005 - 30 juny 2007 |
Robert Zoellick | Amerikaan | sûnt 1 july 2007 |