Wrangeleilânske lemming

De Wrangeleilânske lemming (Latynske namme: Lemmus portenkoi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), de tûke fan 'e lemmings (Lemmini) en it skaai fan 'e echte lemmings (Lemmus). Dizze soarte komt foar op it Russyske eilân Wrangel, dat benoarden eastlik Sibearje yn 'e Noardlike Iissee leit.

Wrangeleilânske lemming
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai echte lemmings (Lemmus)
soarte
Lemmus portenkoi
Tchernyavsky, 1967
IUCN-status: te min gegevens

De Wrangeleilânske lemming waard foar it earst beskreaun en as soarte erkend yn 1967. Sûnt is der ûnienichheid oer de status fan dit bist ûntstien, mei't party saakkundigen him sjogge as in ûndersoarte fan 'e Sibearyske lemming (Lemmus sibiricus), wylst oaren úthâlde dat it wol deeglik in aparte soarte is.

Yn acht nommen dat der net folle oer it bist bekend is, sil dy tsierderij foarearst wol net oplost wurde. It brekme oan ynformaasje spilet ek de beoardieling fan 'e status fan 'e Wrangeleilânske lemming parten, dat de IUCN hat him op syn list stean yn 'e kategory "te min gegevens".

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.