It Wurdboekspul is in selskipsspul mei in edukative ynstek. It spul kin spile wurde mei trije dielnimmers of mear. De bedoeling fan it spul is om definysjes fan ûnbekende wurden te meitsjen dy ‘t oannimlik genôch lykje om oare dielnimmers leauwe te litten dat se wier binne.

  • wurdboek (hoe mear útwreide hoe better)
  • steapel papierkes en in penne foar elke dielnimmer
  • in fel papier om de puntetelling by te hâlden

It spul wurdt spile yn ien of mear omlopen dy ’t út krektlike folle beurten besteane as it spileroantal. Foar elke beurt is ien fan de spilers spullieder.

De spullieder kiest yn oerlis mei de oare spilers in wurd út it wurdboek dat by net ien fan de spilers bekend is. De spilers skriuwe in troch harren optochte definysje op in bryfke, de spullieder skriuwt de definysje út it wurdboek oer. Alle bryfkes wurde samle troch de spullieder dy ’t se yn eigen folchoarder op neutrale toan foarlêst. Om gniisbuoien of oare reáksjes foar te kommen is it oan te rieden dat de spullieder de bryfjes foar it foarlêzen allegear efkes besjocht. Nei it foarlêzen wurde de bryfkes nochris troch de spullieder foarlêzen wêrby ’t de spilers kieze moatte hokker definysje de goede is. Hjirby hâlde de spilers harren eagen ticht om beynfloeding fan oare spilers te foarkommen (opsje).

Puntetelling

bewurkje seksje

Spilers dy ’t yn ien beurt foar de goede definysje kieze krije dêrfoar in punt. Foar karren foar in optochte definysje giet it punt nei dejinge dy ’t de definysje betocht hat. De spullieder krijt gjin punt. Der binne farianten op de puntetelling wêrby ’t de spullieder (twa of trije) punten krijt at net ien fan de oare spilers op de goede definysje út it wurdboek stimd hat. Dan sit de útdaging foar de spullieder deryn om in wurd te keizen wêrfan de (goede) definysje foar de oare spilers ûnwierskynlik liket. In oare fariant is dat de spullieder ek punten krijt at op de definysje út it wurdboek stimd wurdt.

As alle spilers spullieder west ha is de omloop dien en kinne de punten opteld wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: