Wurdumer- of Sint-Jakobspoarte

De Wurdumer- of Sint Jakobspoarte wie fan 1494 oant 1835 in poarte foar de súdlike tagong fan Ljouwert.

Wurdumer- of Sint-Jakobspoarte
bouwurk
De Wurdumerpoarte yn 1835 troch Sjoerd Bonga (1794-1865)
De Wurdumerpoarte yn 1835 troch Sjoerd Bonga (1794-1865)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
koördinaten 53°11' N 5°47' E
bysûnderheden
type bouwurk poarte
boujier 1495
sloopjier 1835
kaart
Wurdumer- of Sint-Jakobspoarte (Ljouwert-Binnenstêd)
Wurdumer- of Sint-Jakobspoarte

In âldere poarte stie in stikje noardliker oan 'e ein fan 'e Sint-Jakobsstrjitte by it Naauw en waard yn 1456 as stenea porta oantsjut. Mei't de stêd him útwreide krige Ljouwert yn 'e jierren 1481-1494 in nije singelgrêft. Ek waard doe in nije Sint-Jakobspoarte boud.

Yn 'e rin fan 'e tiid waard de Sint-Jakobspoarte meast Wurdumerpoarte neamd. De poarte waard yn 1546 fersterke mei oan 'e bûtenkant twa achthoekige tuorren fan 16,5 m hichte. Yn 1597 waard op it bastion foar de binnenpoarte de Wurdumerbûtenpoarte oanlein, dy't oer in brêge in ferbining hie mei de binnenpoarte. Sûnt 1613 krige de poarte ûnder de stedswâl in trochgong fan goed 20 m en in wente foar de poartwachter. By de stedsútwreiding waard ek in wetterpoarte oanlein, dy't de âlde grêft (hjoed-de-dei it Saailân) mei de singelgrêft ferbûn.

Al tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw wie it dúdlik dat de fersterkingen fan 'e stêd hast gjin definsive wearde mear hiene. In diel fan 'e fêstingwurken waard dêrom sljochte, mar de poarten bleaune noch om't se ek de funksje fan tolhûs hiene, dêr't poartejild betelle wurde moast. Op oantrunen fan 'e ynwenners skafte de Ljouwerter ried it poartejild lang om let ôf en dêrmei hiene de poarten gjin doel mear. Tusken 1818 en 1859 binne dêrfandinne alle poarten en poartsjes fan 'e Ljouwerter fêstingwurken ôfbrutsen.

De Wurdumerbûtenpoarte waard yn 1831 sljochte. In pear jier letter, yn 1835, waard ek de Wurdumerpoarte ôfbrutsen. De Wurdumerdyk waard dêrnei trochlutsen oant de brêge oer de singel, de Wurdumerpoartsbrêge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: