Sjoerd Bonga (keunstner)
Sjoerd Bonga (Dokkum, 28 juny 1794 - Marsum, 14 april 1865) wie in topografysk tekener en keunstskilder.
Sjoerd Bonga wie in soan fan lânskipsskilder Jacob Simens Bonga, dy't him ek ûnderrjocht jûn hat yn tekenjen en skilderjen. Bonga wurke yn Ljouwert yn in tiid dat in soad states en stinzen ferlern gienen en der ferlet fan ôfbylden fan dy huzen wie. Lykas oare tekeners yn de 19e iuw tekene en akwarellearre er besteande gebouwen, mar ek neffens âlde ôfbylden fan al ferdwûne huzen.
Kar út syn wurk
bewurkje seksje-
Kammingaburch by Ljouwert
-
De Wurdumerpoarte yn Ljouwert, 1835
-
Lyts-Skavernek, Ljouwert yn 1846
-
De Fiskmerk yn Ljouwert, 1848
-
Portret fan in frou
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bonga, Sjoerd.
|