Dútske mûtse
In Dútske mûtse (eigentlik dietse muts en ek luifelmuts yn 't Nederlânsk), is in soarte fan mûtse dy't yn de 17e iuw troch froulju fan ienfâldich komôf droegen waard.[1] Oan de foarkant hie de mûtse in smelle strook fan kloste kant.
Letter makke de mûtse in ûntwikkeling troch en waard de kanten rane hieltyd breder, benammen yn Fryslân en Grinslân, mar ek wol yn Noard-Hollân. Dêrom wie it nedich om de mûtse yn de foarm te hâlden mei in gouden of sulveren frame, dy't ferbûn wie oan it earizer. De mûtse krige lang om let in omfang fan sa'n 50 sm, sa grut as in teetafel. De mûtse waard dan ek hieltyd mear droegen troch begoedige froulju. De mûtse ferdwûn oan de ein fan de 18e iuw en waard yn Fryslân ferfongen troch de floddermûtse.
-
Famkes út Huizen mei in Dútske mûtse, fan Ferdinand Hart Nibbrig
-
Portret fan Marike Everts Wendelaar mei Dútske mûtse, ein 18e iuw, troch Sjoerd Bonga
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|