Wybe Jelles van der Meer
Wybe Jelles van der Meer (Wâldsein, 18 juny 1883 – Aurora, 7 maaie 1948) wie in Frysk/Amerikaanske arsjitekt en komponist.
Libben en wurk
bewurkje seksjeWybe Jelles van der Meer gie yn 1906 út Wâldsein wei nei Grand Rapids, Michigan yn de Feriene Steaten. Yn Grand Rapids wurke er as timmerman, mar nei syn ferhuzing nei Chicago waard er arsjitekt (BNA en A.I.A ). Yn 1915 waard er Amerikaansk steatsboarger en yn 1919 ferhuze er nei Aurora (Illinois). In jier letter, op 17 febrewaris 1920 troude er mei Engelina Maria Verhaaff yn Amersfoart. Se wennen oant 1922 yn Aurora. Yn dat jier ferhuzen se nei Rockford, Illinois en dêr begûn syn fruchtbere perioade.
Wybe van der Meer wie in bekende arsjitekt fan tsjerkegebouwen. Hy kreëarre tal fan ûntwerpen foar tsjerken, mar ek foar skoallen en sikehuzen. Yn de tweintiger jierren wurke er foar it aartsbisdom Dubuque en benammen it bisdom Rockford, in gebiet dat tolve countys yn it noardwesten fan Illinois omfette. Syn wurk yn Aurora (Illinois) omfette St. Theresa Church and School (1926 ), Fox Valley Catholic High School en Madonna Catholic High School for Girls (1926). Hy ûntwurp ek in nij gebou foar Aurora's tredde stedssikehûs, St. Joseph Mercy. Ynwijd op 20 septimber 1931, in jier foar it ôfmeitsjende fan it nije St. Charles hospitaal (yn art deco-styl), wie St. Joseph Mercy in struktuer yn goatyske styl mei seis ferdjippings. It meast opfallende skaaimerk fan it sikehûs wie in toer fan sân en in heale ferdjipping mei fyngefoelich stienwurk.
Yn 1934 gie er fallyt en ferhuze mei syn húshâlding werom nei Aurora. Dêr wenne en wurke er oant syn ferstjerren yn 1948. Yn de Feriene Steaten ûntwurp er njonken in soad katolike gebouwen, fan skoallen oant kleasters en tsjerken ek ferskate wenhuzen. Dêrneist skreau er muzykstikken en gedichten yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk.
Nei syn ferstjerren waard er repatriearre en beïerdige yn Sint Nyk.
Wurk
bewurkje seksje- As arsjitekt
- 1918, Inglaterra Ball Room, Rockford, Illinois
- 1922, 128-130 Smith Avenue, Rockford, Illinois
- 1922, Haskell Park, Rockford, Illinois
- 1922, St Mary's Catholic School, 222 Waterman St, Sycamore, Illinois
- 1923, St Stanilaus Roman Catholic School
- 1924, Muldoon Grade School, Rockford, Illinois
- 1925, Saint Gall Church, Elburn, Illinois
- 1926, Saint Theresa Church and School
- 1926, St Mary Catholic Church, Durand, Illinois
- 1926, Fox Valley Catholic High School,
- 1926, Madonna Catholic High School for Girls
- 1926, Stratford Apartments Rockford, Illinois
- 1926, 2623 High Crest Road, Rockford, Illinois
- 1926, Chapel for the Corpus Christi Monastery of perpetual Adoration
- 1927, St. Anthony School, Dubuque, Iowa
- 1927, 1619 Westchester Drive, Rockford, Illinois
- 1927, 1915 Oxford Street, Rockford, Illinois
- 1928. St. Charles Borromeo, Hampshire, Illinois
- 1928, Burrmont, Road, Rockford, Illinois
- 1928, 1619, Pleasant View Court Bungalow, Rockford, Illinois
- 1928, 2809 High Crest Road, Rockford, Illinois
- 1928, Grotto Saint Mary Church, Rockford, Illinois
- 1929, St. Anne Church, Dixon, Illinois
- 1929, St. Mary Gymnasium, Woodstock, Illinois,
- 1929, 807 Garfield Avenue, Rockford, Illinois
- 1929, Chancery Office of St. Peter, Rockford, Illinois
- 1929, Saint Thomas High School (boys)], Rockford, Illinois
- 1929, Muldoon High School (girls), Rockford,Illinois
- 1929, 701 S. Park Boulevard, Freeport, Illinois
- 1929, St. Patrick School, Rochelle, Illinois
- 1929, St. Vincent Orphanage, Freeport, Illinois
- 1930, St. Patricks School, Rockford, Illinois
- 1930, 1402 North Main Street, Rockford, Illinois
- 1930, St. Laurence School and Church, Elgin, Illinois
- 1930, St. Joseph Catholic School, Bellevue, Iowa
- 1930, Saint Mary Catholic Church, Huntley, Illinois
- 1930, George Rempe Memorial School, St. Charles, Illinois
- 1931, 2819 High Crest Road, Rockford, Illinois
- 1931, St. Joseph Mercy hospital, Aurora, Illinois
- 1932, St. Charles Hospital, Aurora, Illinois
- 1937, St. Mary Church, Mc. Henry, Illinois
- 1941, 1332 Evelyn Street, Rockford, Illinois
- Bouwjaar onbekend 1319 Charles Street (voorheen 3rd Avenue), Rockford, Illinois
- Bouwjaar onbekend, St. Anthony Church of Padua
- Bouwjaar onbekend, Saint Patrick Grade School, Rockford
- Bouwjaar onbekend, St. Aloysius Church, Calmar, Iowa
- As komponist
Van der Meer sy muzyk waard útjûn yn Amsterdam by Alsbach.
- 1915, Simmerjoun yn 'e frjemdte; Alsbach, Amsterdam
- 1916, Op de brêge; liet for twa sjongstimmen mei pianolieding, Alsbach, Amsterdam
- 1918, He Will Come Back Again
- 1918, Ljeafde-dream; liet for ien sjongstimme mei pianolieding, Alsbach, Amsterdam
- 1925, Jounsang, Wybe J. van der Meer, Alsbach Amsterdam
- A la porte de l'amour, Valse pour piano
- A la porte du paradis, pour piano
- Een lied van weemoed, meditatie. Gebed zonder woorden voor viool met piano
- My tulip girl, song mei piano
- That beautiful Alsace Lorraine, Waltz mei pianosolo
- The ways of love, Waltz mei pianosolo
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|