It Grutte Gesicht

(Trochferwiisd fan Wylde Wytske)

It Grutte Gesicht, ofwol Wylde Wytske is in keunstwurk oan de Haskerfjildwei op De Jouwer. It byld fan waarfêst stiel waard yn 2003 makke troch it keunstnersduo Maree Blok en Bas Lugthart.

It Grutte Gesicht
keunstwurk
It Grutte Gesicht / Wylde Wytske
It Grutte Gesicht / Wylde Wytske
bysûnderheden
jier 2003
keunstner Maree Blok en Bas Lugthart
materiaal waarfêst stiel
plak De Jouwer
lokaasje rotonde Haskerfjildwei

It keunstwurk stiet yn in wetterpartij oan de Haskerfjildwei by de tagong nei de wenwyk Wyldehoarne. It keunstwurk riist op út it wetter wêryn it wjerspegele wurdt. De donkere foarmen fan it antlit stekke ôf tsjin de wolkeloft. At de fontein oan stiet folje wetterstrielen de ûntbrekkende helt fan it byld. Op it flak dêr't it gesicht oergiet yn wetter foarmet de wetterskieding fan it gebiet. It gesicht pompt sa'n 4000 m³ yn it oere omheech út de polders oan de noardeastkant fan De Jouwer, wêrnei't it middels de woelige hier oan de oare kant fan de wetterskieding wer nei ûnderen ta klattert.[1] It wetter rint dan fierder nei de Jouster fivers. De skulptuer is dus eins in gemaal. De wetterstrielen dûnsje yn de wyn, sadat it liket oft it hier fan it gesicht ta libben komt en de besikers fan de wyk begroetet. De seis meter hege skulptuer jout ek gesicht oan de wyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: