Waarfêst stiel of Cortenstiel (COR-TEN ®) is in foarm fan stiel. It is in metaallegearing fan izer dêr't koper, fosfor, silisium, nikkel en groom oan tafoege is. De sterkte is te fergelykjen mei oare legearre stielsoarten lykas rustfêst stiel, de rekkenwearde is sa'n 355 N/mm².

Jopie Huismanmuseum

Waarfêst stiel

bewurkje seksje

De rustkleurige oksydehûd skermet it djipperlizzende materiaal ôf fan soerstof, wêrtroch't de oksydaasje sterk fertraget, alhoewol't yn holtes dy't fol steane mei wetter de korroazje trochgiet.

Cortenstiel wurdt tapast yn de skipsbou- en de (offshore-) yndustry fanwege de waarfêstens. Dêrby makket Cortenstiel opgong yn de wrâld fan keunst en arsjitektuer. Dat de rustkleur fan de oksydehûd op 'en doer de omjouwing ferkleuret wurdt yn it algemien as in oer te kommen probleem beskôge.
De ôfbylding toant in foarbyld fan de tapassing fan Cortenstiel yn de arsjitektuer: de foargevel fan it Jopie Huisman museum yn Warkum.