Wynmotor Goaiïngaryp

De Windmotor Goaiïngaryp is in poldermole by it doarp Goaiïngaryp yn de gemeente Skarsterlân.

Wynmotor Goaiïngaryp

Om oktober 2004 waard troch it doarp besluten om by it yn gebrûk nimmen fan de doarpsfernijing net foar byldjende keunst te kiezen mar foar in kultuer-histoarysk objekt yn it doarp. Op de ledengearkomst waard besluten om de wynmotor werom te bringen. Yn Goaiïngaryp stienen eartiids fiif wynmoles dy't ûnder behear wienen by boeren. Letter brûkten de boeren by wynstilte de trekker om de mole oan te driuwen. En noch wer letter binne de moles ferfongen troch elektryske gemalen lykas ‘Us Gemaal’ by Terkaple. Troch Monumintesoarch kamen se op it spoar fan in roastige mole yn de Rottige Meenthe; efter Wolvegea lei hy yn in stik lân. In oantal Goaiïngarypsters beskreaunen him as:

  • wynrêd diameter 4,8 meter
  • hichte oant it hert fan it wynrêd 6,5 meter
  • profilen ûnderkant sa. 2 meter út elkoar
  • toskkrânse en rûnsel min
  • omloop ferdwûn
  • toerkonstruksje reedlik
  • gjin pomp oanwêzich.

De mealreeë mole is in Amerikaanske wynmotor mei 18 blêden. It is de ienige oerbleaune wynmotor in Nederlân dy't makke waard troch de firma Slager yn Wolvegea. De mole stie earder yn it natoergebiet de Rottige Meente en wie doe eigendom fan Steatsboskbehear. Neidat bliken dien hie dat yn Goaiïngaryp de winsk libbe om in wynmotor fan earne oars op te knappen en by it doarp te setten, wist Pleatslik Belang Goaiïngaryp it jild ( € 20.000 ) byinoar te bringen. De wynmotor waard restaurearre troch learlingen fan it ROC Friese Poort út Drachten. De wynmotor stiet oan de noardeastside fan it doarp. Juny 2007 wie it sa fier en waard de mole offisjeel op de wyn setten troch boargemasteer Kuiper en de fjouwer studinten fan it ROC. Hy is net iepen foar publyk, mar kin wol oant op in pear meter benadere wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje