Xander Michiel Beute

Xander Michiel Beute (Gouda, 9 juny 1975) is in Nederlânske skriuwer dy't yn 1999 mei Nachtvoorstelling ("Nachtfoarstelling") debutearre.

Nachtvoorstelling waard in súkses en Xander Michiel Beute kaam by guon tillefyzjeprogrammas. It boek is in wier bard ferhaal en it giet oer dronken minsken dy't Michiel yn it iepenbier ynoar sloegen by in jûn útgean yn Gouda.

Dêrnei hat er tegearre mei syn útjouwer in boek makke dat hjit Mensen Gevraagd ("Minsken Socht"). Yn dat boek waarden de ûnderfiningen fan slachtoffers en neibesteanden fan sinleas geweld opskreaun. Yn 2001 kaam syn lêste boek út Hinkelen met God ("Hinkelje mei God").

Doe't er klear wie mei ôfstudearjen oan de hegeskoalle gie er nei De Haach om dêr Nederlânsk te jaan op it Kristlik Gymnasium Sorghvliet. Ek wie er in skoft gastskriuwer by Trouw en U-Blad (Universiteit Utert) en skreau er ferhalen yn Tzum, Passionate en Lava.

Hy is troud en hat twa bern.

  • 1999 - Nachtvoorstelling
  • 2000 - Mensen gevraagd!
  • 2001 - Hinkelen met God

Keppeling om utens

bewurkje seksje