Yannick van Harskamp

Yannick van Harskamp (Swol, 2 april 1986) is in Nederlânsk follybalspiler.

Yannick van Harskamp
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 2 april 1986
berteplak Swol
lingte 1,88 m
sportive ynformaasje
sport Follybal

Hy begûn syn karriêre by de klup Pegasus-Zwartsluis, dêrnei soe er spylje by Landstede Volleybal Zwolle. Yn 2001 giet er dan nei Dros Alterno, om dêrnei te spyljen foar SSS en HvA Volleybal. Yn 2006 wurdt syn talint sjoen troch ORTEC Rotterdam.Nesselande. By dy klup wint er yn 2007 de beker fan Nederlân en wurdt er yn 2009 kampioen fan Nederlân. Yn datselde jier makke Van Harskamp de oerstap nei Belgje, hy soe dêr spylje by Noliko Maaseik. Hy spile dêr oant heal 2012, doe gie er oer nei it Italjaanske Perugia. Yn Belgje waard er mei de ploech yn 2010 kampioen fan Belgje, yn datselde seizoen helle er ek in sulveren medalje yn it bekertoernoai. Hy makke syn debút foar de Nederlânske ploech yn 2006. Op 1 oktober 2010 hie Yannick van Harskamp yn totaal 96 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: