Yate is in plak yn it bestjoerlike gebiet Súd Gloucestershire, yn it Ingelske greefskip Gloucestershire.

Yate
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Gloucestershire
Distrikt Súd Gloucestershire
Sifers
Ynwennertal 21.789 (2001)

Yate wurdt foar it earst yn de skiednis neamd yn 770; Yate komt er foar yn it Domesday Book fan 1086. De namme komt fan it Aldingelske wurd giete of gete, dat 'poarte nei in boskich gebiet' betsjut.

Oant de Twadde Wrâldoarloch hie Yate in grutte fleanmasinefabryk mei de namme Parnall. Yn de oarloch lei it bedriuw him ta op de produksje fan wapens. In protte arbeiders ferlearen it libben troch loftoanfallen yn febrewaris en maart 1941.

Ferneamd persoan út Yate

bewurkje seksje