J.K. Rowling

(Trochferwiisd fan Joanne Rowling)

Joanne "Jo" Rowling (Yate, ûnder Bristol, 31 july 1965) is de Ingelske skriuwster fan de boekerige oer tsjoender Harry Potter. As skriuwster brûkt se de namme J. K. Rowling, mei de namme Kathleen ("K.") ekstra, de namme fan har beppe. Yn werklikheid hat se gjin twadde namme. Tsjintwurdich is Rowling in rikeling en fan alle froulju yn Ingelân hat hja it measte jild, nei 400 miljoen boeken ferkoft te hawwen fan de rige Harry Potter, dy't yn 65 talen oerset binne, ûnder oaren yn it Frânsk, Dútsk, Frysk en yn it Aldgryksk.

Joanne Rowling yn 2010
Joanne Rowling, 2006

Beskriuwing fan har libben

bewurkje seksje

Yn 1986 studearre Rowling ôf oan de Universiteit yn Exeter yn Frânsk en Klassike Kultuer, en hat doe ferskate kantoarbanen hân. Yn 1991 sette hja har yn Portegal te wenjen, dêr't hja leksums Ingelsk joech. Dêr kaam hja ek tillefyzje-sjoernalist Jorge Arantes tsjin, mei wa't hja boaske. Fan him krige hja har earste bern, Jessica neamd (berne yn 1993). It houlik is lykwols nei in pear jier wer ûntbûn en Rowling sette har mei har dochter wer yn Grut-Brittanje te wenjen, no yn Edinboarch. Der skreau hja twa boeken foar folwoeksenen, mar dy fûn hja net goed genôch om nei in útjouwer te stjoeren. Yn 2003 krigen Rowling en har twadde man, Neil Michael Murray, in soantsje, David Gordon neamd. Twa jier letter, yn 2005, kaam der noch in famke by: Mackenzie.

Harry Potter

bewurkje seksje

Yn 1990 betocht Rowling in ferhaal oer in tsjoendersbern, reizgjend mei in fjouwer-oere-fertrage trein fan Manchester nei Londen. Yn de folgjende fiif jier wurke hja it ferhaal út oant der in sândielige rige wie. It earste diel is troch ferskate útjouwers weromstjoerd, wêrtroch it earst yn 1997 publisearre is troch de útjouwerij Bloomsbury Publishing. Har literêr agint, Christopher Little, ferkoft it boek letter oan de Amearikaanske útjouwerij Scholastic, dêr't hja sa likernôch 105.000 euro foar krige.

Nei in bytsje in wifeljend begjin kamen de boeken, dêr't der trije fan útkomd wiene, yn 1999 op de earste trije plakken fan de boeken-Top 10, yn de Feriene Steaten èn yn Ingelân. De lêste fjouwer boeken yn de rige binne lykwols de rapst ferkeapjende boeken yn de histoarje wurden. Wrâldwiid binne der al mear as 400.000.000 eksemplaren ferkoft.

Nei it ferskinen fan it sânde en lêste Potter-boek, Harry Potter and the Deathly Hallows, binne der gjin boeken mear útkomd yn de rige en hat Rowling in hoartsje rêst nommen. Dochs kaam yn 2008 it Harry Potter-mearkesboek 'The Tales of Beedle the Bard' út. Rowling hat har fans ek in Harry Potter-ensyklopedy tasein, mei nea publisearre êftergrûnynformaasje. Mar hja hat ek sein dat dy noch in tige lange tiid op him wachtsje litte soe, nei gedachte tsien jier.

Sûnt 2007 hat it der net in protte oer har te hearren west, mar Rowling sels hat al gau nei de ein fan de Potter-rige ferklearre dat hja no in 'polityk teltsje' skreau. Wannear't dat boek publisearre wurde sil, is lykwols noch net bekend.

Boeken fan 'e Potter-rige:

Dêrnjonken hat hja ek noch boeken mei eftergrûnynformaasje skreaun:

Filmferzjes fan boeken

bewurkje seksje

(* Dizze is yn twa stikken brutsen, mei as argumint dat it ferhaal te lang wie foar ien film. Dat der mear jild fertsjinne wurde kin mei twa films yn stee fan ien, kin lykwols ek in rol spylje.