Ype Staak Brunings

Ype Staak Brunings (Herwen en Aerdt, 1786 - De Jouwer, 1870) wie in sulversmid.

Ype Staak Brunings
persoanlike bysûnderheden
berne 5 novimber 1786
berteplak Herwen en Aerdt (Gelderlân)
stoarn 11 jannewaris 1870
stjerplak De Jouwer
wurkpaad
berop/amt sulversmid

Ype wie de jongste soan fan Christiaan Jacob Brunings en Tietje Staak. Hoewol't syn heit en trije omkes teolooch wiene, waard Ype Staak sulversmid. Ype Staak Brunings wie yn 1812 keapman yn goud- en sulverwurken yn Snits. Hy ferlear al jong in broer en twa suskes. Yn 1813 waard hy neamd as goud- en sulversmid. Hy troude yn 1815 mei Rigtje Kooopmans en krige mei har seis bern. Foar 1817 ferfear hy nei De Jouwer, dêr't er in saak hie oant 1849. Syn bedriuw waard fuortset troch syn âldste soan Christiaan Jacob Brunings (1816-1902).[1] In sulveren rjemmeleppel fan him wurdt bewarre yn it Frysk Skipfeartmuseum.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: