Zea (band)
Zea is in band, tsjintwurdich in soloprojekt fan Arnold de Boer (Makkum, 1974). Yn 1995 bestie de indierockband út fjouwer persoanen, yn 1996 oanfold mei in fyfde. Fan 2002 oant 2008 bestie Zea as duo en sûnt 2008 is Zea in soloprojekt. By it meitsjen fan de muzyk brûkt Arnold de Boer samples, dance-eleminten en Afrikaanske ynfloeden. Zea trede op yn lannen as Ghana, Ethiopië en Ruslân.
Ein jierren njoggentich brocht Zea trije tapes út (Lots, Zooom en Leopoldo). Yn 2000 ferskynde it debútalbum Kowtow To An Idiot op it Amsterdamske Transformed Dreams-label, yn 2003 folge Today I Forgot To Complain en yn 2006 Insert Parallel Universe, beide ek op Transformed Dreams. Yn 2010 ferskynde it album The Beginner yn eigen behear.
De Boer learde yn Makkum oargelspyljen. Nei it ferstjerren fan syn mem skreaun er it nûmer Ik kin der net by. Op syn earste Fryske album Moarn Gean Ik Dea (2017) steane tsien persoanlike teksten oer it tema's tiid en de dea. Sûnt 2009 is Arnold de Boer sjonger en gitarist fan de Nederlânske punkband The Ex.
Bernlefpriis
bewurkje seksjeYn 2017 wûn Zea de Fryske Bernlefpriis [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|