Zeltingen-Rachtig

Zeltingen-Rachtig is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak falt ûnder de lânkring Bernkastel-Wittlich. De gemeente bestiet út de twa ortsteile Zeltingen en Rachtig, dy't alletwa oan de rjochter kant fan de Mûzel lizze. Zeltingen-Rachtig hat likernôch 2.250 ynwenners.

Zeltingen-Rachtig
Lokaasje Zeltingen-Rachtig yn Bernkastel-Wittlich
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Bernkastel-Wittlich
Sifers
Ynwennertal 2.201 (31.12.2020)
Oerflak 16,94 km²
Befolkingstichtens 130 / km²
Hichte 106 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 55´N 7° 1´E
Webside zeltingen-rachtig.de

Zeltingen-Rachtig makket diel út fan de Verbandsgemeinde Bernkastel-Kues.

Tusken Zeltingen-Rachtig en Ürzig leit de yn 2019 iepene 158 meter hege Hochmoselbrücke.

Panorama Zeltingen-Rachtig (2010), doe noch sûnder de Hochmoselbrücke.