't Marnehoes is de eardere herfoarme tsjerke fan Wehe yn 'e Grinslânske gemeente It Hegelân. De tsjerke is sûnt 1987 yn besit fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken en tsjinnet hjoeddedei as kultureel sintrum.

't Marnehoes

(earder de herfoarme tsjerke)

Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Wehe-den Hoorn
adres Tsjerkestrjitte 21
koördinaten 53° 21' N 6° 24' E
Tsjerklike gegevens
status yn gebrûk as kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24025
Webside
Side SAGT
Kaart
't Marnehoes (Grinslân)
't Marnehoes
 
Wapen fan Fan Starkenborgh-skaai (Casper Struiwig

De tsjerke waard yn it twadde fearn fan de 13e iuw boud, mar eaget troch de bepleistering fan 1880 folle jonger. De toer wie oarspronklik leger en waard yn 1656 ferhege. Oan de tsjerke is it skaai Fan Starkenborgh ferbûn. Under it koer is in grêfkelder fan 'e famylje en Casper Struiwig fike it wapen dat der no boppe de noardlike doar oan 'e muorre yn 'e tsjerke hinget.

De tsjerke waard yn 1965 op 'e nij ynrjochte en bleau noch oant 1975 yn gebrûk fan 'e herfoarme gemeente. Nei de oerdracht fan de tsjerke liet de stifting de tsjerke ferbouwe. It ferwulft fan it skip is beskildere troch Matthijs Röling en Wout Muller mei foarstellings fan in bolle en in ko yn it skip, wylst yn it koer in skyldpod yn in eksotysk dekor oanbrocht waard.

Fan de âlde ynrjochting binne noch in preekstoel en in pear banken mei fykwurk út 1726 oanwêzich. Yn 'e súdlike muorre is in epitaaf foar de yn Wehe ferstoarne Jan van Julsingha (1762-1857), by libben oant 1850 boargemaster fan Liens.

Sûnt de ferbouwing fan 1985 tsjinnet it gebou ta kultureel sintrum en krige de tsjerke de namme 't Marnehoes. Yn 'e tsjerke wurde û.o. foarstellings en konserten organisearre.

It (net mear te bespyljen) oargel waard yn 1923 boud troch Jan Doornbos. It ferdong yn dy tiid in oargel út 1839 fan Abraham Meere. Doornbos brûkte by de bou fan it oargel foar in diel de âlde oargelpipen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: