Éditions Grasset & Fasquelle

Éditions Grasset & Fasquelle (útspr.: [edi'ʃõ ɡʀa'sɛ e fas'kɛl]) is in foaroansteande Frânske útjouwerij, dy't fêstige is yn Parys. Dit bedriuw publisearret sawol oarspronklike Frânsktalige as oersette útlânske literatuer, en fierders in protte essaybondels en oare non-fiksje. Grasset & Fasquelle is sûnt 1992 ûnderdiel fan Hachette Livre.

Éditions Grasset & Fasquelle
algemien
hist. namme Éditions Bernard Grasset
nasjonaliteit Frânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1907
oprjochter Bernard Grasset
eigner Groupe Lagardère
mem Hachette Livre
offisjele webside
www.grasset.fr

Éditions Grasset & Fasquelle waard yn 1907 ûnder de namme Éditions Bernard Grasset (of koartwei Éditions Grasset) oprjochte troch de útjouwer Bernard Grasset (1881-1955), dy't oant syn dea oan it haad fan it bedriuw stean bleau. Nei syn ferstjerren waard de útjouwerij oernommen troch syn omkesizzer Bernard Privat, dy't it bedriuw yn 1959 fúzjearje liet mei konkurrint Éditions Fasquelle (oprjochte yn 1896). Under de nije namme Éditions Grasset & Fasquelle gie it bedriuw fierder mei Privat as presidint-direkteur en Jean-Claude Fasquelle as algemien direkteur.

Éditions Grasset & Fasquelle ûntjoech him ta in tige foaroansteande útjouwerij, dy't net inkeld wurk fan Frânske auteurs útbrocht, mar ek de Frânske oersettings fan boeken fan skriuwers as F. Scott Fitzgerald, Truman Capote en Gabriel García Márquez. Yn 1981 waard de útjouwerij oernommen troch de Groupe Lagardère en doe waard Fasquelle presidint-direkteur. Yn 2000 waard er yn dy hoedanichheid opfolge troch Olivier Nora, wylst er sels opskode nei de funksje fan foarsitter fan 'e ried fan tafersjoch. Underwilens wie Grasset by in troch Lagardère trochfierde reorganisaasje ûnderdiel wurden fan Hachette Livre.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Références, op dizze side.