Édouard-Henri Avril

Édouard-Henri Avril (Algiers, 21 maaie 1849Le Raincy, 1928) wie in Frânsk skilder/grafysk keunstner dy't ferneamd waard ûnder it pseudonym Paul Avril as yllustrator fan eroatyske literatuer.

Avril om 1885 hinne

BiografyBewurkje

Avril wie ynearsten militêr, mar ferdjippe him letter yn de keunst. Hy besocht ferskillende Paryske salons nei 1878. Fan 1874 oant 1878 studearre er oan de École des Beaux Arts. Doe't him frege waard de novelle Fortunio fan Théophile Gautier te yllustrearjen keas er de skûlnamme Paul Avril. Dêrom wurdt er wolris troch elkoar helle mei syn broer Paul Victor Avril. Avril syn namme krige rillegau klank en hy krige in protte yllustraasjeopdrachten foar boeken fan ferneamde skriuwers. Hy makke ek geregeldwei wurk dat ta de 'galante literatuer' rekkene wurdt. Dy eroatyske geskriften waarden yn lytse oplagen, faak op abonnemintsbasis, oan sammelers ferkocht.

Avril yllustrearre ûnder oaren:

De yllustraasjes dy't er makke foar Friedrich Karl Forberg, De Figuris Veneris. Manuel d’érotologie classique (1906; fertaling út it Latyn yn it Frânsk), wurde as syn bêste wurk beskôge.

GalleryBewurkje

Keppelings om utensBewurkje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Édouard-Henri Avril fan Wikimedia Commons.