Église Notre-Dame-de-l'Assomption (Sainte-Mère-Église)
De Marije-Himelfearttsjerke (Frânsk: Église Notre-Dame-de-l'Assomption), ek Marije fan 'e Fredetsjerke (Église Notre-Dame de la Paix), is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Sainte-Mère-Église yn de regio Normandje yn Frankryk. De parochytsjerke giet werom op 'e 12e oant 13e iuw.
Marije-Himelfearttsjerke
Église Notre-Dame-de-l'Assomption | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Manche | |
plak | Sainte-Mère-Église | |
adres | Place de l'Église | |
koördinaten | 49° 24' N 1° 18' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Coutances | |
patroanhillige | Himelfeart fan Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e-14e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Kaart | ||
Sûnt 1840 is de tsjerke in histoarysk monumint.
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske bou fan tsjerke datearret foar it grutste part út de 14e iuw. De klokketoer is rûnom ferneamd fanwegen de parasjutist John Steele, dy't yn 1944 by de Operaasje Albany oan 'e toer hingjen bleau en him dêr in pear oeren foar dea hold wylst de kûgels him om de earen fleagen. De film The Longest Days makke it barren tige bekend yn de rest fan wrâld en toeristen komme spesjaal dêr foar nei Saint-Mère-Église om de tsjerke te besjen.
Ta oantinken fan John Steele waard oan 'e sealtektoer in pop hongen mei de namme "Big Jim". Fanwegen it reinige klimaat op de Cotentin moasten de parasjute, it unifoarm en de útrissing faak wiksele wurde en om de kosten dêrfan wat yn 'e hân te hâlden hat de gemeente in beskermjende ferflaach oer it materiaal oanbrocht.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Marije-Himelfearttsjerke is in krústsjerke. It âldste diel fan 'e tsjerke is nei alle gedachten de krusing mei de fjouwer romaanske pylders en healrûne bôgen. De basis fan 'e romaanske krusingstoer giet werom op 'e 12e oant 13e iuw. Yn de iuw dêrnei binne de sydskippen oanboud. De kapitelen binne noch romaansk en fersierd mei bisten. De rest fan 'e tsjerke is fral goatysk fan styl.
Yn 'e 15e iuw waard oan 'e toer in goatyske balustrade yn flamboyante styl oanbrocht. It koer datearret fan 'e 14e iuw en hat in flakke ôfsluting mei in legereapsis. It westlike portaal en it noardlike sydskip binne oan it begjin fan 'e 15e restaurearre nei skea troch de Hûndertjierrige Kriich.
De glês-yn-leadramen fan 'e glesker Gabriel Loire (1904-1996) binne wijd oan 'e ynvaazje en de befrijing. De lessener fan 'e tsjerke is fan fike hout en datearret út 'e 18e iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|