Église Saint-Rémi (Amiens)
De Remigiustsjerke (Frânsk: Église Saint-Rémi) is in parochytsjerke yn it sintrum fan de Frânske stêd Amiens. De tsjerke is sûnt 2001 in histoarysk monumint.
Sint-Remigiustsjerke
Église Saint-Rémi | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Hauts-de-France | |
departemint | Somme | |
plak | Amiens | |
adres | Rue des Cordeliers | |
koördinaten | 49° 53' N 2° 17' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Amiens | |
patroanhillige | Remigius fan Reims | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Paul Delefortrie | |
boujier | 1889-1891 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side bisdom Amiens | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke waard tsjin it ein fan de 19e iuw yn neogoatyske styl boud en ferfong de âlde Remigiustsjerke, dy't net fier fan de katedraal stie. Yn de tiid fan de Frânske Revolúsje waard dy tsjerke sletten en dêrnei as nasjonaal eigendom ferkocht en ôfbrutsen. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard wat fierderop in nije tsjerke boud, op it plak fan de âlde kleastertsjerke fan de observanten.
De nije Remigiustsjerke waard ûnder tafersjoch fan de pastoar Louis Eugene Debeaumont (1818-1891) boud en is in ûnwerp fan de arsjitekt Paul Delefortrie.
De bou sette yn 1889 útein mar waard al yn 1891 fanwegen de hege kosten ûnderbrutsen, sadat allinne it koer en it dwersskip boud waarden. It oargel waard yn 1900 yn gebrûk nommen.
De tsjerke rekke yn de Earste Wrâldkriich troch kriichsgeweld skeind.
Nei de Earste Wrâldkriich boude arsjitekt Pierre Ansart de sakristy. Yn 2001 waard de tsjerke klassifisearre as histoarysk monumint.
It bisdom hat de tsjerke yn gebrûk jûn oan de Poalske katolike mienskip fan Amiens. Oan de westlike kant fan de tsjerke grinzgje de resten fan de eardere kleastertsjerke.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe brânskildere ramen yn de apsis fertelle it ferhaal fan Sint-Remigius. De ramen yn it trifoarium behannelje de skiednis fan de kleasteroarder. De tolve apostels, de Trije-ienheid en de Jongfaam wurde ôfbylde op de hege ramen. De ramen binne nei de Earste Wrâldkriich restaurearre.
Yn de tsjerke stiet ek in monumintaal grêfmonumint fan Nicolas de Lannoy en Magdelaine de Mutterel. Oarspronklik stie it monumint yn it koer fan de eardere kleastertsjerke. It barokke grêfmonumint waard yn 1631 boud troch Nicolas Blasset.
Ut de foargonger fan de tsjerke binne ek noch in pear reliëfs, in skilderij en in relikwarium bewarre bleaun.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1900 troch Salomon van Bever boud. Dêrby brûkte hy âlder materiaal fan it oargel út de eardere kleastertsjerke, in ynstrumint út 1842. Ek de oargelkas stamt fan it âlde oargel fan de foargonger fan de hjoeddeiske Remigiustsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Références, op dizze side.
|