Élan is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken augustus en oktober 2014 en útbrocht op it album Endless Forms Most Beautiful fan Nightwish út 2015. Élan wie it tredde nûmer op it album en waard op 13 febrewaris 2015 útbrocht as earste single fan it album. It wie de earste single fan Nightwish mei sjongeres Floor Jansen en ek Troy Donockley as offisjeel bandlid.

Élan
algemiene ynformaasje
B-kant Sagan
artyst Nightwish
album Endless Forms Most Beautiful
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 13 febrewaris 2015
opnommen augustus - oktober 2014
doer 4:48 album,
4:01 single
label Nuclear Blast
skriuwer Tuomas Holopainen
produsint Tuomas Holopainen
fideoclip
Nightwish - Élan (OFFICIAL VIDEO)

Oer it nûmer bewurkje seksje

Élan is skreaun troch Tuomas Holopainen. It nûmer giet oer neat oars as de betsjutting fan it libben, wat foar elts persoan oars wêze kin. It is wichtich om dysels oer te jaan oan de 'frije fal' dy't no en dan plakfynt en om net benaud te wêzen foar it paad datst minder faak nimst.

Muzikanten bewurkje seksje

Gastmuzikanten bewurkje seksje

  • Kai Hahto - Drums
  • Metro Voices - Eftergrûnkoar

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: