Floor Jansen (Goirle, 21 febrewaris 1981) is in Nederlânske sjongeres. Jansen song al fan 1995 ôf yn ferskate bandsjes ear't se fan 1997 oant begjin 2009 de sjongeres fan de Nederlânske metalband After Forever waard. Nei't dy band der mei ophâld, rjochte se de band ReVamp op. De band ReVamp gie mei pauze nei't Jansen oerwurke thús kaam te sitten. Jansen wie noch mar krapoan wersteld doe't se yn 2012 skille waard troch Nightwish of se by har ynfalle woe om't se harren sjongeres Anette Olzon ûntslein hiene, sa't se it toernee al ôf meitsje koene. Fan 2013 ôf makke Floor offisjeel diel út fan Nightwish, dat betsjutte ek it ein fan ReVamp. Yn 2019 hie Jansen yn Nederlân in hit mei Henk Poort as gefolch fan har dielname oan it telefyzjeprogramma "Beste Zangers". Fierders wie Jansen yn 2010 en 2013 te sjen yn it programma "De tiende van Tijl".

Floor Jansen
sjonger en/of muzikant
Floor Jansen (2013)
Floor Jansen (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Floor Jansen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 febrewaris 1981
berteplak Goirle
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Élan
jierren aktyf 1995-no

Floor Jansen is troud mei de Sweedske drummer Hannes Van Dahl. Tegearre ha se in dochter.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Band Single(s)
Prison of Desire 21 april 2000 After Forever Follow in the Cry
Decipher 27 desimber 2001 Emphasis / Who Wants to Live Forever,
Monolith of Doubt
Invisible Circles 25 maart 2004 Digital Deceit
Remagine 8 septimber 2005 Being Everyone
After Forever 20 april 2007 Energize Me,
Equally Destructive
ReVamp 28 maaie 2010 ReVamp
Wild Card 23 augustus 2013 The Anatomy of a Nervous Breakdown:
On the Sideline
Endless Forms Most Beautiful 27 maart 2015 Nightwish Élan,
Endless Forms Most Beautiful
Northward 19 oktober 2018 Northward While love died
Human. :II: Nature. 10 april 2020 Nightwish Noise,
Harvest