ReVamp wie in Nederlânske symfonyske metalband oprjochte troch Floor Jansen earder fan After Forever en wie aktyf tusken 2009 en 2016. De band brocht yn 2010 syn debútalbum ReVamp út. De teksten fan de band giene benammen oer de leafde, pine en ferlies. Oan it ein fan 2011 moast de band mei skoft om't sjongeres Jansen problemen mei har sûnens hie. Yn 2016 kaam der in defintyf ein oan de band om't Jansen ReVamp net mear kombinearje koe mei har wurk foar Nightwish dêr't se sûnt 2013 ek de sjongeres fan wurden wie, as ferfangster fan de dêr ûntsleine Anette Olzon. ReVamp hat twa studio-albums útbrocht.

ReVamp
band
ReVamp yn 2010
ReVamp yn 2010
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 20092016
label(s) Nuclear Blast
âld-leden Jaap Melman bas (2010-2013)
leden
Sang Floor Jansen
Gitaar Jord Otto
Gitaar Arjan Rijnen
Toetsen Ruben Wijga
Bas Henk Vonk
Drums Matthias Landes

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Singles
ReVamp 26 maaie 2010 Nuclear Blast
Wild Card 23 augustus 2013 The Anatomy of a Nervous Breakdown: On the Sideline

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: