Seestrjitten fan de Hawaï-eilannen

(Trochferwiisd fan ‘Alenuihāhā-kanaal)

De seestrjitten fan de Hawaï-eilannen binne de see-ingten dy't de ferskillende eilannen fan 'e Hawaï-arsjipel faninoar skiede. Dy wetters wurde yn Hawaï 'kanalen' neamd, net yn 'e sin fan troch de minske groeven wetterrinnen (lykas it Prinses Margrytkanaal), mar yn 'e eardere betsjutting fan see-ingte (lykas yn It Kanaal, tusken Ingelân en Frankryk yn). De seestrjitten tusken de wichtichste Hawaï-eilannen binne:

see-ingte betsjutting
fan de namme
tusken breedte
ʻAlenuihāhā-kanaal "grutte rôljende tommelweagen" Hawaï en Maui/Kahoölawe 48,3 km
ʻAlalākeiki-kanaal "gûlende poppe" Maui en Kahoölawe 11,3 km
Kealaikahiki-kanaal "paad nei Tahity" Kahoölawe en Lanaï 27,4 km
ʻAuʻau-kanaal "baaie" Lanaï en Maui 14,2 km
Pailolo-kanaal "healwize fiskerman" Maui en Molokaï 13,5 km
Kalohi-kanaal "stadigens" Lanaï en Molokaï 15,0 km
Kaiwi-kanaal "de bonke" Molokaï en Oähû 41,8 km
Kaʻieʻie Waho-kanaal "de bûtenste ʻieʻie-liaan" (Freycinetta arborea) Oähû en Kauaï 116 km
Kaulakahi-kanaal "de inkele flam" Kauaï en Niïhau/Lehua 27,4 km
Kumukahi-kanaal "it earste begjin" Niïhau en Lehua 1,1 km
Hoʻomoʻa-kanaal "itensiede" Kauaï/Niïhau/Lehua en Nihoa 240 km
Hawaiʻiloa-kanaal ferneamd nei de legindaryske Polynezyske seefarder
en ûntdekker fan 'e Hawaï-arsjipel Hawaiʻiloa
Nihoa en de Noardwestlike Hawaï-eilannen 296 km

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.