2Cellos is in Kroätysk selloduo, dat bestiet út Šulić Luka en Stjepan Hauser. Sûnt 2011 binne der meardere albums troch Sony Masterworks mei harren wurk útjûn. Hja binne benammen bekend fanwegen harren ynstrumintale arranzjeminten fan ferneamde pop- en rocknûmers, klassike muzyk en filmmuzyk.

2Cellos
sjonger en/of muzikant
Stjepan Hauser (lofts) en Šulić Luka (rjochts)
Stjepan Hauser (lofts) en Šulić Luka (rjochts)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Kroätysk
etnisiteit Kroätysk, Sloveensk
wurkpaad
sjenre Pop, rock, klassyk
ynstrumint Sello
jierren aktyf Sûnt
offisjele webside
www.2cellos.com

Karriêre bewurkje seksje

Šulić Luka en Stjepan Hauser hawwe in klassike oplieding folge en kenne inoar fan de Muzykakadeemje yn Zagreb. Mei fyftjin jier wie Šulić yn dy tiid de jongste muzykstudint yn de skiednis fan de Muzykakadeemje yn Zagreb. Letter studearre Luka yn Wenen en beide studearren hja yn it Feriene Keninkryk (Šulić oan de London's Royal Academy of Music en Hauser oan it Trinity College of Music, no Trinity Laban Conservatoire of Music yn London en dêrnei oan de Royal Northern College of Music yn Manchester.

2Cellos krige ynternasjonaal namme troch selsmakke video's op YouTube, lykas Michael Jackson's "Smooth Criminal". It earste album waard yn 2011 útbrocht mei dêr op covers fan U2, Nirvana, Coldplay en Sting. Der folgen optredens oer de hiele wrâld op festivals en konserten en ek in tour tegearre mei Elton John. Ek wiene hja regelmjittich te sjen yn Amearikaanske tillefyzjeprogramma's lykas de Amearikaanske tillefyzjesearje Glee en yn de Ellen DeGeneres Show. Yn 2013 folge in twadde album (In2ition) en yn 2015 in tredde (Celloverse).

2Cellos spile ek de hymne by de iepening fan de finale fan de UEFA Champions League 2017/2018 yn Kiev.

Underskiedings bewurkje seksje

  • 2012: Porin (Kroätyske muzykpriis) – beste ynternasjonale album
  • 2012: Porin – beste ynternasjonale song (Smooth Criminal)
  • 2014: Japan Gold Disc Award - foar In2ition as bêste Ynstrumintale Album fan it Jier
  • 2014: Japan Gold Disc Award - foar Kagemusha as Song fan it Jier

Diskografy bewurkje seksje

  • 2011: 2Cellos (Album; Sony Music)
  • 2013: In2ition (Album; Sony Music)
  • 2015: Celloverse (Album; Sony Music)
  • 2017: Score (Album)
  • 2018: Let There Be Cello (Album, Sony Music Entertainment)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: