Aarbergen

Aarbergen is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn Dútske dielsteat Hessen.

Aarbergen
Aarbergen in RÜD.svg
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Wappen Aarbergen.png
Sifers
Ynwennertal 6.337 (31.12.2020)
Oerflak 33,94 km²
Befolkingstichtens 187 / km²
Hichte 280 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Hesse.svg Hessen
Lânkring Flagge Rheingau-Taunus Kreis.svg Rheingau-Taunus-Kreis
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 15´N 8° 4´E
Webside www.aarbergen.de

GeografyBewurkje

 
Apostelbeam fan Michelbach

Aarbergen leit noardlik fan de Kreisstadt Bad Schwalbach en súdlik fan Limburg an der Lahn yn de Hintertaunus.

Yn Aarbergen mûnje de Aubach en de Battenbach yn de Aar út.

It grutste part fan de gemeente bestiet út bosk. De belangrykste foarm fan lângebrûk is ikkerbou. Yn de deltes is in soad gerslân mei hôven.

SkiednisBewurkje

Op 31 desimber 1970 fusearren de earder selstannige gemeenten fan Daisbach, Hausen via Aar, Kettenbach, Michelbach, Panrod en Rückershausen ta de gemeente Aarbergen.

YndielingBewurkje

De gemeente Aarbergen is yn de folgjende Ortsteile yndield (ynwennertal neffens 30 juny 2018):

Plak Ynwennertal Foar it earst neamd
Daisbach 445 879
Hausen über Aar 637 879
Kettenbach 1478 845
Michelbach 2227 1184
Panrod 633 888
Rückershausen 777 879

It besjen wurdichBewurkje

 
Sint-Joazeftsjerke fan Daisbach
  • Daisbach: de roomske Joazeftsjerke út 1690–1709 (iennige katolike fakwurktsjerke fan Hessen)
  • Kettenbach: de protestantske tsjerke fan 1752 mei in barok oargel út 1763
  • Michelbach: in 11e-iuwske wartsjerke, tsjintwurdich allinne noch yn gebrûk foar spesjale tsjinsten; de protestantske tsjerke út 1908; de monumintale Apostellinebeam op it hôf.
  • Rückershausen: protestantske tsjerke út de 14e iuw; de sûnt 1779 bekende boarne "Antonius-Sprudel"; Aarbrêge; kriichsmonumint út 1826
  • Panrod: protestantske tsjerke út 1321 mei in letromaanske toer en in barok krúsbyld; by Panrod yn it bosk de resten fan in 8e- oant 10e-iuwske ringmuorre (Ringwall Altschloss)

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.