Aar (Lahn)
De Aar is in 60 km lange linker sydrivier fan de Lahn yn Dútslân.
Hy ûntspringt yn de Taunus beëasten Orlen, streamt dêrnei by Taunusstein en Bad Schwalbach lâns nei Aarbergen. Nei sa'n 40 kilometer mûnet de Aar by Diez yn de Lahn út.
Namme
bewurkje seksje'Aar' is in algemiene namme fan rivieren eb streamkes yn it Dútsktalige diel fan Sintraal-Jeropa. Sa hat de Lahn noch in sydrivier mei de deselde namme, de Aar (Dill). It wurd Aar, út de foar-Dútske tiid, betsjut 'fluchrinnend wetter' en yn metaforyske sin 'lytse river yn in romte tusken bergen'. It wurd is bewarre yn delsettingsnammen einigjend op -ach.[1]
-
De boarne fan de Aar yn de Taunus
-
De Aar net fier fan syn boarne
-
De Aar yn Diez
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aar (Lahn) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|