Abdij Sint-Hildegard

De Abdij Sint-Hildegard is in benediktynsk kleaster yn it bisdom Limburg yn Eibingen by Rüdesheim. Sûnt 2002 is de abdij ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed "Oberes Mittelrheintal".

Abdij Sint-Hildegard
Lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
plak Rüdesheim am Rhein-Eibingen
adres Klosterweg 1
koördinaten 49° 59' N 7° 55' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
oarde Benediktinen
kongregaasje Beuroner kongregaasje
Ynformaasje bou
boujier 1900-1908
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
Webside
Abdij Sint-Hildegard
Kaart
Abdij Sint-Hildegard (Hessen)
Abdij Sint-Hildegard

It âlde kleaster yn Eibingen, stifte yn 1165, waard yn 1803 yn it ramt fan de sekularisaasje sletten. Neffens de Reichsdeputationshauptschluss foel it kleaster mei syn besit yn hannen fan de prins fan Nassau. Yn 1831 kaam de tsjerke en it kleaster yn hannen fan de parochy fan Eibingen, sadat de reliken fan Hildegard fan Bingen oant op de dei fan hjoed yn de parochytsjerke fan Eibingen bewarre wurde en net yn de oan har wijde abdij.

 
Ynterieur fan de tsjerke

De op 17 septimber 1904 troch 12 benediktynske nonnen fan de Praachske abdij Sint-Gabriel stifte abdij kin beskôge wurde as de opfolger fan de troch de hillige Sint-Hildegard stifte kleasters op de Rupertberg en Eibingen. It noardlik fan Eibingen stifte kleaster waard tusken 1900 en 1904 yn neoromaanske styl boud. De stifting waard mooglik makke troch prins Karl Heinrich zu Löwenstein-Wertheim-Rosenberg, yn de 19e iuw ien fan de liedende persoanen fan it Dútsk katolisisme. De wichtichste romten lykas de tsjerke en de biblioteek waard by de stifting troch muontsen fan de Beuroner keunstskoalle beskildere.

Yn 1941 waarden de nonnen yn it ramt fan de fan de Klostersturm, de systematyske opheffing fan kleasters troch de nasjonaalsosjalisten, ferdreaun. Nei it ein fan de Twadde Wrâldkriich yn 1945 koene hja wer nei harren kleaster werom gean. De klokken fan de kleastertsjerke waarden yn de Twadde Wrâldkriich omraand, en ferfongen yn 1951.

Yn 1988 waard fanút de abdij it lytse konvint Marienrode by Hildesheim op 'e nij bewenne. Marienrode wie oant 1998 in fan Eibingen ôfhinklik prioraat en is letter selstannich woarn.

Foar it ûnderhâld docht de mienskip oan wynbou. Der is in kleasterwinkel en der wurde keunstwurken makke.

It oargel fan de abdijtsjerke waard yn 2004 yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum fan de abdij boud troch de oargelboufirma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.