Rüdesheim am Rhein
Rüdesheim am Rhein is in stêd en gemeente yn de Hessyske Rheingau-Taunus-Kreis, Dútslân. De stêd leit foar Bingen am Rhein oer oan de súdlike poarte fan de Midden-Ryndelte. Rüdesheim falt mei de rest fan de Midden-Ryndelte ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed. Op de hellings om de stêd hinne wurdt in soad oan wynbou dien. Dêrnjonken foarmet it toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.
Rüdesheim am Rhein | ||
Niederwalddenkmal | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Stedsyndieling | 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.054 (2022) | |
Oerflak | 51,41 km² | |
Befolkingsticht. | 196 ynw./km² | |
Hichte | 87 m | |
Oar | ||
Postkoade | 65385 | |
Koördinaten | 49° 59' N 7° 55' E | |
Offisjele webside | ||
www.stadt-ruedesheim.de/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Rüdesheim/Rhein (read) yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis |
Skiednis
bewurkje seksjeRüdesheim wie al ier in delsetting fan Kelten, Ubii, Mattiacii, Romeinen, Alemannen en Franken. Nei alle gedachten waard al yn de Romeinske tiid oan wynbou dien. Troch in Feroneeske skinking ferstevigen de aartsbiskoppen fan Mainz harren posysje yn it Ryngoa. Hja wisten de ynfloed fan de Ryngreven werom te kringen en sa hiene de aartsbiskoppen it op 't lêst allinne foar it sizzen. Under aartsbiskop Bardo (1031-1051) waard de wynbou yn it Ryngoa, fral yn Rüdesheim, foar it earst planmjittich oantrune, dy't op fersyk fan de befolking foar dat doel it rûge lân by Rüdesheim en Eibingen oanmeitsje liet. Aartsbiskop Siegfried I wreide it aréaal sûnt 1074 fierder út troch bosken te kapjen. Yn 'e 150 jier dêrnei waard it hiele Ryngoa foar wynbou geskikt makke en dêrmei wie de basis lein foar de rykdom yn de tiid dy't folge.
Yn 'e 15 en 16e iuw bleau it Ryngoa mei troch de beskerming fan de lânwar oan de kant fan de Ryn frij fan kriichsgeweld. Meardere tuorren en in ringmuorre moasten de stêd foar oanfallen oer it lân behoedzje. Fan dy tuorren is allinne de "Adlerturm" ôerbleaun. Ek it skipferkear droech by oan de wolstân fan de stêd. Om't it paad yn Rüdesheim troch de steile helling fan de Ryn einige, moasten reizgers nei plakken as Lorch en Assmannshausen of noch fierder yn Rüdesheim wachtsje op in skip. Dat makke in grut tal herbergen yn Rüdesheim needsaaklik.
Mei de Reichsdeputationshauptschluss kaam in ein oan de macht fan de aartsbiskoppen fan Mainz en waard it gebiet oerdroegen oan it Hartochdom Nassau. Rüdesheim krige op 1 jannewaris 1818 stedsrjochten.
Yn 1877 lei keizer Wilhelm I de earste stien foar it "Niederwalddenkmal", dat yn 1883 foltôge waard. It nasjonale monumint brocht in soad toeristen nei Rüdesheim, ynearsten op ezels mar sûnt 1885 mei in kabelbaan, dy't yn 1954 modernisearre waard.
De oant dan selstannige gemeente Eibingen waard tsjin it sin fan de bewenners yn 1939 troch Rüdesheimer nasjonaalsosjalisten by Rüdesheim yndield.
Op 25 novimber 1944, op de dei dat neffens de hilligenkalinder Katarina fan Aleksandrje betocht wurdt, lei in swier allieard bombardemint de omjouwing fan de katolike en protestantske tsjerke yn 'e jiske. By de oanfal op Rüdesheim kamen mear as 200 minsken om. Sûnt wurde op "Katharinentag" yn Rüdesheim de deaden betocht. Om romte te meitsjen foar de út it easten ferdreaune Dútsers ûnstiene yn Rüdesheim en Eibingen bûten de grinzen fan de bebouwing nijbougebieten: yn 1953 Windeck, yn 1970 Trift en yn 1977 Rüdesheim-East.
De âldste gebouwen fan de binnenstêd bleaune by it bombardemint op Rüdesheim sparre en al gau nei de weropbou wie Rüdesheim wer in toeristysk sintrum.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeNjonken de kearn Rüdesheim hearre sûnt 1939 it stedsdiel Eibingen mei it nei de Twadde Wrâldkriich boude Windeck en Trift en sûnt 1977 ek Assmannshausen, Aulhausen en Presberg ta de gemeente Rüdesheim am Rhein. De gemeente is ûnderferdield yn Ortsbezirke, dy't in eigen keazen ried hawwe. Rüdesheim en Eibingen foarmje tegearre it Ortsbezirk Alt-Rüdesheim.
Stedsdiel | Ynwennertal 2015 |
Ynwennertal 2018 |
---|---|---|
Alt-Rüdesheim | 6.837 | 6.922 |
Assmannshausen | 982 | 995 |
Aulhausen | 1.195 | 1.208 |
Presberg | 859 | 870 |
Meiïnoar | 9.873 | 9.995 |
Toerisme
bewurkje seksjeDe bekendste strjitte fan Rüdesheim is de Drosselgasse, in trije meter brede en 144 meter lange strjitte mei restaurants, bierhallen en winkels om oantinkens te keapjen. De stêd hat in kabelbaanstasjon, dy't toeristen oer de wynfjilden nei it Niederwalddenkmal transportearret.
De lizzing fan de stêd oan de Ryn soarget foar in soad libben yn 'e stêd. Der is in promenade mei hotels en restaurants dy't it útsjoch op de river hawwe. Toeristyske boaten farre regelmjittich mei fêste fartiden nei Rüdesheim en fan dêr nei oare plakken. Dêrnjonken hat de stêd in oersetferbining mei Bingen oan de oare kant fan de Ryn.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It yn 1883 boude Niederwalddenkmal mei it Landschaftspark Niederwald, in park dat yn de 18e iuw oanlein is
- De Drosselgasse mei in soad hoarekabedriuwen.
- De parochytsjerke Sint-Jakobus (15e iuw).
- De westlik bûten Rüdesheim steande Burg Ehrenfels.
- De Brömserburg (Niederburg), de âldste boarch yn it UNESCO-erfgoedgebiet "Midden-Ryndelte" mei it Wynmuseum Ryngoa.
- De 38 meter hege toer fan de Boosenburg (Oberburg).
- De 20,5 meter hege letgoatyske hoektoer (Adlertoer) fan de midsiuwske ringmuorre.
- De benediktynske abdij Sint-Hildegard.
- De Sint-Hildegardtsjerke fan Eibingen mei de reliken fan Sint-Hildegard.
- De 14e-iuwske Mûzetoer (Mäuseturm) yn de Ryn.
- De resten fan de yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige Hindenburgbrêge.
- It yn de jierren 1854-1856 boude stasjon.
- Ferskillende ealshôven yn de Oberstraße.
Eveneminten
bewurkje seksje- "Tal Total", autofrij Midden-Ryndelte op de lêste snein fan juny.
- "Rhein in Flammen" (fjoerwurkfeest) op de earste sneon yn july.
- "Rüdesheimer Weinfest" yn it tredde wykein fan augustus.
- Beafeart Sint-Hildegard, parochytsjerke fan Eibingen (17 septimber).
- "Weihnachtsmarkt der Nationen" yn de advintstiid fan ein novimber oant de Kryst.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|