Abraham Rademaker
Abraham Rademaker (Lisse, 1676/1677 - Haarlim, 21 jannewaris 1735) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener, printemakker en printehanneler; hy wie autodidakt. Hy produsearre foaral topografysk tinte tekeningen en skildere lânskippen. Guon gebouwen en lânskippen koene ek op bestelling levere wurde.
Abraham Rademaker | ||
keunstner | ||
Postúm portret fan Abraham Rademaker troch Cornelis van Noorde neffens in tekening fan Tako Hajo Jelgersma (om 1770 hinne) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1676/'77 | |
berteplak | Lisse | |
stoarn | 21 jannewaris 1735 | |
stjerplak | Haarlim | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | 1697-1735 | |
offisjele webside | ||
BBNL-profyl |
Hy wie in soan fan glêsmakker Frederik Rademaker, was glazenmaker. Abraham wie troud mei Maria Rosekrans en hy wie ûntsjerklik.
Al yn syn jonheid wie er dwaande mei tekenjen met zulk een taei gedult en ongemeene naerstigheit, dat hy heele maenden achtereen in huis zat, zonder uitgaen. Hij leerde zichzelf het vak, zonder leermeester, en Naeulyks was hy dezelve kundig, schappen met grootsche Gebouwen, aerdige Ruinen, fraeie Beeltjes en Beesten, en ook wel met allerlei Vogelen, te versieren.
Syn wurk siet yn de 18de ieu bot sleet yn, mei't der in protte samlers wiene fan topografyske ôfbyldingen. Wylst yn de 17e iuw foaral stedsbeskriuwingen en -gesichten populêr wiene, lei men yn de 18e iuw it aksint op kastielen, bûtens en púnfallen yn it bûtengebiet. Foaral de sûnt 1725 útjûne boeken mei printen fan syn hân wiene populêr. Dêrta heart it Cabinet der Neederlandse Oudheeden en gesigten dy yn trije hondert konst plaaten. Uteinlik hat er sa'n 700 kastielen tekene.
De partikulieren ferkochten dy printen op it lêst wer en fia ompaden kaam in protte wurk fan him yn de 19e en 20e iuw úteinlik yn iepenbiere museumkolleksjes telâne .
In 1750 waard syn biografy opnaam yn De nieuwe schouburg der Nederlantsche Kunstschilders en schilderessen, gearstald troch Jan van Gool.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Corte bescrijvinghe mitsgaders hantvesten, privilegien, constumen ende ordonnantien vanden Lande van Zuyt-Hollandt fan Jacob van der Eyk
- Kabinet van Nederlandsche en Kleefsche oudheden, 1792–1803, troch Mattheus Brouërius van Nidek, Isaak Le Long, J.H. Reisig
- Spiegel van Amsterdams zomervreugd, op de dorpen Amstelveen, Slooten, en den Overtoom, vertonende deszelfs kerken, herenhuizen, lustplaatssen, lanen, wegen, vaarten, enz..., 1728, fan Abraham Rademaker
- Kabinet van Nederlandsche outheden en gezichten, fan Abraham Rademaker
- Kabinet van Nederlandsche en Kleefsche oudheden, 1770–1771, fan Mattheus Brouërius van Nidek, Isaak Le Long
- De Vechtstroom van Utrecht tot Muiden, verheerlijkt door honderd gezichten van steden, dorpen, vestingen, adelijke gestigten, lustplaatzen en waranden, troch Abraham Rademaker
Galery
bewurkje seksje-
De Marepoarte yn Leien
-
It kastiel fan Woerden yn Rademakers Nederlandsche Outheeden en Gezigten (1670)
-
Kastiel Boelenham
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Sketsen en biografy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abraham Rademaker fan Wikimedia Commons. |