Admiraliteit fan Seelân
De Admiraliteit fan Seelân wie ien fan de fiif admiraliteiten, oprjochte yn 1584, dy't yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen de organisaasje fan de oarlochsfloat (Steatkse float) regele. De Admiraliteit fan Seelân waard yn 1795 opheft, tagelyk mei de oare admiraliteiten doe't de Bataafske Republyk stichte waard.
It bestjoer
bewurkje seksjeIt bestjoer fan de admiraliteit wie yn hannen fan in kolleezje, Heren Raden ter Admiraliteit van Zeeland, faak oantsjut as College ter Admiraliteit van Zeeland of koartwei Admiraliteitscollege van Zeeland. It Siuwske kolleezje bestie yn 'e regel út tsien leden, sân leden út namme fan Seelân en trije leden út oare gewesten. [1]
Oangeande de beneaming fan de eigen leden slagge it Seelân in ôfwikende regeling klear te krijen. Waarden yn de oare kolleezjes de leden út it eigen gewest beneamd troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, de Siuwske leden wiene automatysk de leden fan Kommittearre Rieden fan de Steaten fan Seelân, it deistich bestjoer fan it gewest, dy 't allinne mar in eed oan de Steaten-Generaal hoegden ôf te lizzen. Dêrmei hie Seelân in sterke, autonome posysje ôftwongen en wie de ynfloed fan de Steaten-Generaal op de Siuwske admiraliteitssaken lyts.
Fan de oare trije net-Siuwen yn it kolleezje kamen der twa út Hollân en ien út Utert. Fan de Hollânske leden kaam ien út it Noarderkertier, dy 't altyd troch de stêd Amsterdam levere waard, en ien út it Suderkertier, ôfkomstich út Delft, Doardt of Rotterdam. Dat lêste barde ynearsten by toerbeurt, fan 1641 ôf foar in perioade fan sân jier.
It Admiraliteitskolleezje fan Seelân fergadere yn de earste jierren yn Vlissingen oan de Beursstrjitte 41, letter waard dit yn de Abdij fan Middelburch, it sintrale plak dêr't ek de oare Siuwske bestjoerskolleezjes gearkamen. De amtswente fan de luitenant-admiraal fan Seelân wie ek yn dat gebouwekompleks fêstige.
Admiraliteitswerven
bewurkje seksjeDe Siuwske admiraliteit hie werfkompleksen yn Middelburch, Veere, Flissingen en Zierikzee. Dêr barde de nijbou, útrissing, ûnderhâld en befoarrieding fan de oarlochsskippen. Yn de praktyk wiene Flissingen en Veere it wichtichst. Flissingen soe útgroeie ta de wichtichste Siuwske marinehaven. De oanwêzichheid fan de admiraliteitshellingen smiet yn dy plakken in soad aktiviteiten en wurkgelegenheid op.
Luitenant-admiraal
bewurkje seksjeDe heechste rang binnen in admiraliteit wie dy van luitenant-admiraal. Nei 1752 waard gjin luitenant-admiraal mear beneamd.
- 1664-1666: Johan Evertsen (1600-1666)
- 1665-1666: Cornelis Evertsen de Alde (1610-1666)
- 1666-1684: Adriaen Banckert (stoarn: 1684)
- 1684-1706: Cornelis Evertsen de Jongste (1642-1706)
- 1707-1721: Geleyn Evertsen (1655-1721)
- 1721-1729: Maarten Barendse Boom (1663-1729)
- 1730-1745: Jan Cornelis Ockerse (1673-1745)
- 1746-1748: Hermanus Wiltschut (1672-1748)
- 1750-1752: Jacob Imanse (1684-1752)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|