Adolf le Comte
Adolf le Comte (Rijswijk, 30 augustus 1850 - Den Haach, 3 jannewaris 1921) wie in Nederlânsk keunstner en dosint oan de Polytechnyske Skoalle yn Delft.
Le Comte folge opliedingen oan keunstnijverheidsskoallen te Karlsruhe en Neurenberg en oan de Polytechnyske Skoalle te Delft. Nei syn oplieding wie er lange tiid dekorateur yn Parys. Om 1880 hinne kaamt Le Comte as ûntwerper yn tsjinst by plateelbakkerij De Porceleyne Fles yn Delft, dêr't er oant syn dea ta bliuwe soe. Hy waard dêr artistyk lieder.
By de fakulteit boukunde fan de Polytechnyske Skoalle spile er in beskate rol op it mêd fan boudekorative keunst en oare tapaste keunsten. Teffens joech Le Comte les oan keunstskilders, sa as Jan Toorop, Harm Kamerlingh Onnes, Tholen en de minder bekende Sieger Baukema.
Le Comte wie befreone mei de glêzenier Jan Schouten en de keunstsamler Lambert van Meerten. Tegearre mei Schouten spile er in wichtige rol yn it ta stân kommen fan it Delftse Museum Lambert van Meerten. Yn 1909 waard Le Comte de earste direkteur fan dit museum.
Galery
bewurkje seksje-
Tekeningen