Sieger Baukema
Sieger Jan Baukema (Aldemardum, 3 april 1852 - Arnhim, 10 septimber 1936) wie in keunstskilder.
Baukema wie yn 't earstoan ûnderwizer. Dêrnei gie er nei de Akademy Minerva yn Grins en helle de MO-akte tekenjen yn Delft oan de Polytechnyske Skoalle. Hy hat yn Aldemardum , Grins, Delft, Dimter (1882-1884), Arnhim (1884), Heelsum (1884-1899) en nochris Arnhim (1899-1936) wurke; yn Arnhim wie er lange tiid direkteur-learaar oan de tekenskoalle.
Hy skildere potretten en lânskippen yn ympresjonistyske styl. Hy krige ûnderrjocht fan Théophile de Bock, Adolf le Comte, Johannes Hinderikus Egenberger en Paul Tetar van Elven
Baukema wie troud mei Maria Johanna Philipse (troud yn 1887).
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baukema, Sieger J.. |