Adriaan van der Hoop jr.

Adriaan van der Hoop jr. (Rotterdam, 17 juny 1802 - Rotterdam, 4 novimber 1841) wie in Nederlânsk dichter en literatuerkritikus. Hy wurdt beskôge as ien fan de foarrinners fan de literêre fernijingsbeweging út de jierren ’30 fan de 19e iuw, Jong Holland.

Adriaan van der Hoop jr., litografy fan A. J. Ehnle

Adriaan van der Hoop wie autodidakt op it mêd fan lêzen en skriuwen. Hy learde Ingelsk, Frânsk en Heechdútsk en koe him ek goed rêde yn it Latyn. Sûnt 1830 makke er poëzy, ek oer de aktualiteit wat doe ûngewoan wie. Tiendaagsche veldtogt (Tsiendeiske Fjildtocht) en Rouwklagt bij het overlijden van Neérlands Koningin wienen tige populêr. Van der Hoop rjochte 1832 yn de mande mei mr. P. S. Schull it tydskrift Bijdragen tot Boeken en Menschenkennis op en siet ek yn de redaksje. Teffens wie er lid en bestjoerder fan it letterkundich genoatskip Verscheidenheid en Overeenstemming yn Rotterdam. Hy droech dêr, lykas ek by Diversa sed Una yn Doardt en Dilegentia yn De Haach, syn gedichten foar. Van der Hoop jr. wie fierders lid fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, korrespondint 2e klasse fan it Keninklik Nederlânsk Ynstitút en ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

BibliografyBewurkje

  • Over het nut, hetwelk in de beoefening der Grieksche beelden voor den jongen kunstenaar ligt opgesloten (1825)
  • Karel Theodoor Körner, beschouwd als mensch en als dichter (1826)
  • Het classische treurspel der Franschen, en het romantische treurspel der Duitschers, met elkander vergeleken en den voorrang welke het een op het andere heeft, aangetoond (1828)
  • Voorlezing over Ossian en zijne werken (1827-1828)
  • Redevoering over het belangrijke van de navolging der natuur voor den schilder (1829)
  • Redevoering over den waren roem (1830)
  • Poëzy Amsterdam (1830).
  • Aan de vorsten van Europa Rotterdam (1830).
  • De togt naar Tervueren Heldenzang. Rotterdam (1830).
  • Het nationaal congres Fragment. Rotterdam (1830).
  • Hugo en Elvire Romantisch treurspel (1831)
  • De tiendaagsche veldtogt Amsterdam (1831)
  • Warschau Dichterlijke krijgstafereelen Amsterdam (1832)
  • De togt naar Tervueren. Heldenzang Rotterdam (1832)
  • Willem Tell. Zwitsersche tafereelen Amsterdam (1832)
  • Leijden ontzet, in 1574. Dichterlijk verhaal Amsterdam (1833).
  • Johanna Shore. Treurspel in vijf bedrijven Dordrecht (1834).
  • Nikolaas van der Hulst, geschetst als mensch en als dichter (1835)
  • Redevoering over de verplichting des schilders, om in zijne voorstellingen te streven naar waarheid (1835)
  • La Esmeralda Een verhaal (Victor Hugo nageschetst). Dordrecht (1837).
  • Han van Ysland Dramatisch tafereel, Dordrecht (1837).
  • Columbus Een dichtstuk, Dordrecht (1839).
  • Ziekbed-gewaarwordingen. Mijnen vrienden toegeëigend Rotterdam (1839)
  • Van Speijk Een winter fantasie, Dordrecht (1840)
  • Gedichten 4 dielen, Leien (1859-1860 )

Keppelings om utensBewurkje