Aenjewierder Tsjerke

(Trochwiisd fan Aengwirder Tsjerke)
Aenjewierder Tsjerke

De Aenjewierder Tsjerke (Nederlânsk: Aengwirder Kerk) is in tsjerkegebou oan de Pastorijeleane yn Tsjalbert. De herfoarme tsjerke út 1742 is, neffens in gevelstien boppe de yngong oan de westside, boud yn opdracht fan grytman fan Aenjewier Martinus fan Bouricius (1707-1755). De sealtsjerke hat in trijesidich sluten koar en houten geveltoer mei ynsnoerde spits oan de westside. Yn de toer hinget in liedklok (1670) fan klokkejitter Petrus Overney. Yn 1825 waard oan de noardside in dwerspân boud mei in neoklassisistysk toskaanse yngongspoarte. De preekstoel is út de santjinde iuw. It oargel út 1869 is boud troch L. van Dam en Soannen. De tsjerke is in ryksmonumint. Yn 2011 is de tsjerke restaurearre.

De PKN Gemeente Tsjalbert-De Knipe[1] tsjerket ôfwikseljend yn dizze tsjerke en de Nij Brongergea Tsjerke.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

  1. pkn-tjalleberd-deknipe.nl