Afina Catharina Gesina Goudschaal (Roan, 23 febrewaris 1877De Haach, 10 febrewaris 1956) wie in Nederlânske keunstskilder.

Afina Goudschaal
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1877
berteplak Roan
stoarn 1956
stjerplak De Haach
offisjele webside
RKD-profyl

Goudschaal wie in dochter fan de predikant Johan Bernhard Goudschaal (1835 -1910) en Catharina Arnhem Koning Uilkens (1837 -1908). Se folge in oplieding oan Akademy Minerva yn de stêd Grins, dêr 't se les krige fan ûnder oaren Ferdinand Oldewelt en Dirk de Vries Lam. By it hûndertjierrich bestean fan de akademy yn 1897, krige se de brûnzen medalje yn de frouljusklasse. Alida van Houten helle de sulveren medalje.

Fan 1911 ôf wenne en wurke Goudschaal yn De Haach, se waard lid fan de Haachske Keunstrûnte. Se krige bekendheid as miniatuerskilderes; se makke portretten yn miniatuer op ivoar, wêrûnder in searje fan de keninklike famylje.

Goudskaal ferstoar yn 1956 yn De Haach, fjirtjin dagen foar har njoggenensantichste jierdei, en waard kremearre yn Velsen.