Dirk de Vries Lam

Dirk de Vries Lam (Ljouwert, 20 jannewaris 1869Grins, 5 july 1937) wie in Nederlânske keunstskilder, dy't him spesjalisearre yn stedsgesichten, en direkteur fan in keunstakademy wie.

Dirk de Vries Lam
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 jannewaris 1869
berteplak Ljouwert
stoarn 5 july 1937
stjerplak Grins
wurkpaad
wurksum as skilder, direkteur, ûnderwizer
offisjele webside
RKD-profyl

Libben en wurk

bewurkje seksje

De Vries Lam wie in soan fan apteker Herman Lam en Willempje (de Vries) Reilingh. Hy waard ferneamd nei syn pake, de Grinzer dokter Dirk de Vries Reilingh. By Keninklik Beslút fan 20 septimber 1897 krige Lam tastimming om de namme De Vries oan syn efternamme ta te heakjen.

De Vries Lam krige oan de hbs yn Ljouwert tekenlessen fan Jan Bubberman. Hy gie nei Amsterdam, dêr't er studearre oan 'e Ryksskoalle foar Keunstniverheid (1888-1891) en les hie fan ûnder oaren Jan Derk Huibers en Jacobus Roeland de Kruijff. Hy ferfolge syn oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten (1891-1895) by August Allebé en Pierre Cuypers en helle dêr de middelbere akten foar tekenjen en boukunde.

Hy waard yn 1891 beneamd ta learaar oan de Teekenschool voor Kunstambachten yn Amsterdam en waard oanslutend, yn 1895, tekenlearaar oan de hbs yn Inkhuzen. Hy wurke út Inkhuzen wei ek yn Monnickendam, Volendam en Hoorn. Hy troude yn 1900 mei Sara Jacoba Maria de Gavere (1872-1953).

Akademy Minerva

bewurkje seksje

Yn 1903 waard De Vries Lam beneamd ta direkteur fan Akademy Minerva yn de stêd Grins. Hy woe mear omtinken foar keunstniverheid en praktyske kant en wreide de oplieding út mei fakken as litografy, batikken en stoffearjen. De learlingen learden oant dy tiid benammen skilderjen troch oaren te kopiearjen; De Vries Lam soarge derfoar dat sy nei bûten koene om yn de praktyk te skilderjen. Yn 1905 waard der in stúdzjerjochting boukunde ynsteld, oanfolle mei meubeltechnyk, en waarden boukundigen en sierkeunstners as dosint oannommen. De akademy waard yn 1913 opnommen yn in troch de gemeente oprjochte middelbere technyske skoalle. Earst folle letter (1964) soe Minerva wer in selsstannige keunstakademy wurde. Dat de keunstoplieding bestean bleau is mei te tankjen oan herfoarmingen dy't De Vries Lam fan 1905 ôf trochfierde. Hy bleau oant 1934 oan de skoalle ferbûn. Learlingen fan him wiene ûnder oaren Jan Altink, Johan Dijkstra, Afina Goudschaal, Alle de Haas, Alida van Houten, Jan Kijff, Arnold Willem Kort, Bart Peizel, Jan Wiegers en Jan van der Zee. In oantal fan harren hearde letter ta de keunstrûnte De Ploeg.

As skilder makke De Vries Lam benammen lânskippen en steds- en doarpsgesichten yn in ympresjonistyske styl. Hy wie dêrneist aktyf as keunstresinsint foar de NRC en skreau ek oer keunst foar de Groningsche Volksalmanak. Boppedat wie er bestjoerslid fan it Kunstlievend Genootschap Pictura.

De Vries Lam ferstoar yn 1937 yn de âldens fan 68 jier. In jier nei syn ferstjerren hold Pictura in oersjochtentoanstelling fan syn wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: