Alida van Houten (Grins, 22 augustus 1868 – dêre, 2 desimber 1960) wie in Nederlânske skilder en grafikus.

Alida van Houten
keunstner
Alida van Houten, 1910 / 1920
Alida van Houten, 1910 / 1920
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 augustus 1868
berteplak Grins
stoarn 2 desimber 1960
stjerplak Grins
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, grafikus
offisjele webside
RKD-profyl
 
Gerrit van Houten, tekene troch Alida van Houten

Van Houten wie in dochter fan Hindrik van Houten (1833-1883), houthanneler en lid fan Provinsjale Steaten yn Grinslân, en Alida Cornelia Christina ten Bruggen Cate (1840 -1923 ). Har heit wie amateurtekener en ek oare leden fan de famylje, wêrûnder har muoike Sientje Mesdag-van Houten, wiene keunstsinnich aktyf. Se folge, krekt as har broer Gerrit van Houten, in oplieding oan Akademy Minerva yn de stêd Grins. Se krige les fan ûnder oaren Ferdinand Oldewelt en Dirk de Vries Lam. Yn 1897, by it hûndertjierrich bestean fan de akademy, krige se de sulveren medalje yn de frouljusklasse. Afina Goudschaal helle de brûnzen medalje.

Van Houten skildere portretten, lânskippen en stillibbens yn oaljeferve. Se wie lid fan it Kunstlievend Genootschap Pictura yn Grins en fan de Amsterdamske ferienings Arti et Amicitiae en Sint Lucas. Se musisearre en skreau ek, ûnder oare oer har broer Gerrit.

Se ferstoar yn de âldens fan 92 jier en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Grins.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: