Aga Kan (Perzysk: آقا خان ) is in titel foar de religieuze lieder (imam) fan de Nizary ismaïliten.

De Perzyske sjah Fath Ali joech de earste Aga Kan titel oan Hasan Ali Sjah (1800-1881). Hasan Ali Sjah stipe de Britten yn de Earste Anglo-Afgaanske Kriich (1839-1842), wêrnei't syn titel troch de Britten nochris befêstige waard. Nei syn dea waard de titel urven troch syn neiteam. De tredde Aga Kan fertsjinwurdige Yndia yn 1932 en 1934-1937 yn it Folkebûn.

List fan Aga Kan's

bewurkje seksje
  1. Aga Khan I = Aga Hasan Ali Shah = HH Shah Hasan Ali Shah Mehalatee Aga Khan I (1800–1881), 46e imam (1817–1881)
  2. Aga Khan II = HH Ali Shah Aga Khan II (1830–1885), 47e imam (12 april 18811885)
  3. Aga Khan III = HRH Prince Sultan Mohammed, (1877–1957), 48e imam (17 augustus 1885–1957)
  4. Aga Khan IV = Karim Aga Khan = HH Prince Aga Khan IV = Prince Karim Al Husseini (* 1936), 49e imam fan de der ismaïliten (sûnt 11 july 1957)